Katedraal fan Chartres

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Westfassade Chartres

De Katedraal fan Chartres of de Us-Leaffrouwekatedraal (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame de Chartres) stiet yn de op 80 km. súdwestlik fan Parys lizzende Frânske stêd Chartres. It bouwurk wurdt beskôge as ien fan de moaiste goatyske katedralen fan Frankryk.

Bouwskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súdlike roasfinster

De bou fan de katedraal sette yn 1145 útein, mar tagelyk mei grutte dielen fan de rest fan de stêd baarnde hast de hiele katedraal op 10 juny 1194 ôf (útsein de westlike gevel). It grutste part fan it hjoeddeiske tsjerkegebou waard tusken 1194 en 1220 boud. Fan de asymetryske westlike gevel waard de súdlike toer yn de jierren nei 1200 boud, wylst de noardlike toer oan it begjin fan de 16e iuw ree kaam.

De katedraal fan Chartres waard yn 1979 op de list fan it UNESCO-wrâlderfskip ynskreaun.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen it besjen wurdich binne de brânskildere ramen fan de katedraal, dy't meiïnoar 2.600 m² beslaan.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Us Leaffrou-katedraal fan Chartres fan Wikimedia Commons.