Springe nei ynhâld

Kapellekrâns

Ut Wikipedy
Plattegrûn fan in tsjerkegebou mei in kapellekrâns (ljochtgriis

In kapellekrâns bestiet út meardere kapellen oan in yn 'e regel grutter romaansk of goatysk tsjerkegebou. De kapellen binne oan de healrûne of mearhoekige koeromgong boud.

It grutte tal kapellen yn de kleastertsjerken of katedralen wie nedich om de muontsen of it grutte tal preesters genôch alters te bieden, sadat hja harren plicht om de misse op te dragen neikomme koene. Boppedat brochten de alters troch it opdragen fan in misse foar bysûndere yntinsjes ek jild yn 'e lade.

Untwikkeling en arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste foarbylden fan in kapellekrâns datearje fan de Frânske abdij- en pylgertsjerken út de 9e oant 12e iuw (lykas de Saint-Philibert yn Tournus, de Sainte-Foy yn Conques of de Saint-Sernin yn Toulouse. Mei de Europeeske katedraalgotyk fan de 12e en 13e iuw berikte de kapellekrâns in arsjitektoanysk hichtepunt. Yn 'e renêssânse en de barok wurde kapellekrânsjen jimmeroan seldsummer tapast.

It oantal kapellen fan in krâns is ferskillend en hinget ek ôf fan de grutte fan it koer. De romaanske krânskapellen (of apsidioalen) steane yn 'e regel frij fan inoar, wylst de goatyske krânskapellen oan inoar grinzgje, lykas by de dom fan Keulen.

Faak steane krânskapellen op in healrûn grûnflak mei tusken it healrûne grûnflak en de omgong noch in stikje rjochte muorre, mar dat hoecht net perfoarst. Meastentiids bestiet it ferwulft yn romaanske tsjerken út in koepel mei in koart tonferwulft, wylst de goatyske krânskapellen heale krúsribferwulften hawwe.

  • Donat F. Grueninger: „Deambulatorium Angelorum“ oder irdischer Machtanspruch? Reichert, Wiesbaden 2004, ISBN 3-89500-377-8.