Dom fan Keulen

Ut Wikipedy
Keuler Dom yn de winter
Plattegrûn fan de domtsjerke
Ofbyld fan de Keuler Dom yn 'e nacht

De Dom fan Keulen (Dútsk: Kölner Dom; offisjeel: Hohe Domkirche Sankt Petrus) is in goatyske katedrale tsjerke yn it sintrum fan de Dútske stêd Keulen. It is de sit fan de aartsbiskop fan Keulen. De katedraal stiet likernoôch op 250 m ôfstân fan de igge fan de Ryn, oan de eardere noardlike Romeinske stedsgrins, fuortby it Hauptbahnhof, de Hohenzollernbrücke, it Museum Ludwig en it Römisch-Germanischen Museum. Fanwegen de skryn mei de reliken fan de hillige Trije Keningen is de Dom fan Keulen al iuwenlang in wichtich beafeartsplak foar roomsen.

Mei de bou fan de dom waard op 15 augustus 1248 út ein set. Iuwenlang wurke men stadich troch oan it projekt, oant de bou healwei de fyftjinde iuw stil kaam te lizzen. Oan de hân fan de âlde boutekeningen waard it wurk ûnder ynfloed fan de Romantyk yn de njoggentjinde iuw wer oppakt en yn 1880 einlings en te'n lêsten foltôge. Neitiid wie de katedraal oant 1884 it heechste bouwurk fan de wrâld. Mei in hichte fan 157,38 m is de Keulske dom tsjintwurdich noch altyd it op ien nei heechste tsjerkegebou yn Jeropa. Allinnich de munster fan Ulm, wêrfan't de toer yn 1890 reekaam, is mei in hichte fan 161,53 m noch heger.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baptisterium

Op it plak stiene foar de hjoeddeiske domtsjerke al ferskate bouwurken. By opgravings ûnder de dom binne resten fan romeinske wenten út de 1e oant de 4e iuw fûn. Yn de lette 4e of iere 5e iuw ûntstie ûnder it koar fan de dom in 30-40 meter lang bouwurk, nei alle gedachte de earste tsjerke. Dat gebou waard noch yn de 5e iuw ferfongen troch in bouwurk mei likernôch deselde ôfmjittings, wêr't Frankyske foarsten begroeven waarden. Dy grêven foarmje in oanwizing dat dit gebou as tsjerke tsjinne. Yn de twadde helte fan de 6e iuw ûntstie in nije tsjerke, wêrfan't de ôfmjittings grutter wiene as de foargongers. Troch ferlinging nei it westen krige dy tsjerke stadichoan de ôfmjittings fan de folgjende bou, bekend ûnder de namme Alte Dom (Alde Dom).

Ut de 6e iuw binne eastlik fan it koar fan de dom resten fan in ierkristlik baptisterium fûn; bewarre bleau it achtsidige doopfont. It baptisterium sels wie rjochthoekich en yn in twadde boufaze krúsfoarmich. De lêste boufaze wie op 'e nij rjochthoekich en troch twa gongen ferbûn mei de tsjerke. Nei alle gedachten waard it baptisterium yn de 9e iuw by de bou fan de Alte Dom ôfbrutsen. It doopfont kaam doe yn de nije tsjerke te stean.

De Alde Dom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alde- of Hildebold-Dom wie de foargonger fan de tsjintwurdige domtsjerke. De tsjerke waard op 27 september 873 ynwijd. Dizze tsjerke bestie út in skip mei oan beide einen in dwersskip. De bou stie model foar in soad oare Jeropeeske tsjerken yn dy tiid. Yn de tsjerke kaam it yn de 10e iuw makke Gerokrús te hingjen, it op ien nei âldste monumintale krusifiks fan it Jûntydslân. It lei yn de bedoeling dat de âlde dom fan 1248 ôf stadichoan sloopt wurde soe om plak te meitsjen foar de nije goatyske dom, mar by it sloopwurk fan it koar sette in brân hast it hiele bouwurk yn 'e lôge. Neitiid waard it westlike diel wer sa makke dat de mis noch fierd wurde koe. Noch yn it selde jier waard mei de bou fan de hjoeddeiske dom begûn.

Earste bouperioade fan de domtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 july 1164 brocht aartsbiskop Rainald fan Dassel de reliken fan de Hillige Trije Keningen fan Milaan nei Keulen. De reliken wiene ôfkomstich út in kriichsbút fan keizer Freark I en laten om 1225 hinne ta de plannen om in nije dom te bouwen. De âlde dom koe nammentlik de ûnbidige oantallen pelgrims net mear ferwurkje en wie te lyts wurden. Mei de goatyske bou waard op 15 augustus 1248 neffens in plan fan de boumaster Gerhard fan Rile begûn. Benammen foar it grûnplan jilde de katedraal fan Amiens as foarbyld. it boumaterjaal wie benammen ôfkomstich fan de Drakenrots yn it Sângeberchte.

Der waard wurke fan de eastlike kant nei de westlike en yn 1265 wie de kapellekrâns ree. Yn 1277 wijde Albertus Magnus it alter fan de sakristy. Ut likernôch 1280 stamt de 4 meter hege en 1,66 meter brede tekening fan de westlike gevel mei de beide tuorren. Tusken 1304 en 1311 koene de 17,15 meter hege ramen fan it heechkoar ynset wurde: 48 keningen wurde hjir ôfwikseljend mei en sûnder burd ôfbylde. Nei alle gedachten binne de keningen mei burd de 24 âldsten fan de Apokalyps en de 24 keningen sûnder burd de keningen fan Juda, de âldtestamentyske foargongers fan Kristus. De hichte fan de keningen bedraacht likernôch 2,25 meter. It middelste finster toant de Hillige Trije Keningen dy't Marije en har Bern oanbidde. De brânskildere ramen hearre ta de grutste bewarre syklus fan de midsiuwske glêsskilderkeunst. Tagelyk mei it oerbringen fan de reliken fan de Trije Keningen waard it koar fan de dom op 27 septimber 1322 wijd. De rige aartsbiskoppen dy't yn de âlde dom begroeven wiene, waarden no op 'e nij yn it nije koar byset.

Boutekening fan de dom (1280)

Nei it foltôgjen fan it koar waard der fierder wurke oan de bou fan it skip. Yn 1389 wie de bou sa fier foardere, dat der yn it ramt fan de iepening fan de nije universiteit in mis lêzen wurde koe. Yn 1410 berikte de súdlike toer de twadde ferdjipping en al rillegau dêrnei kaam yn in houten klokkestoel de earste tsjerkeklok te hingjen. Dy Dreikönigen- of Blutglocke (Trije Keningen- of Bloedklok) is getten yn 1418. Doe't de toer yn 1437 in hichte hie fan 59 meter ferhûzen de klokken nei de súdlike toer. De grutte klokken Pretiosa (11.500 kg.) en Speciosa (5.200 kg.) waarden yn 1448-1449 getten en op in hichte fan 57 meter ophongen. It wurk oan de súdlike toer kaam dêrnei stil te lizzen.

Tsjin it ein fan de 15e iuw stûke de bou. Neffens resint ûndersyk stopte de bou nei 1530, ek al wie der noch wol jild foar de reparaasjes en opsmûk. Foar it lêst waard der noch yn 1559 jild frijmakkefoar de bou en dêrnei wie it dien. Brek oan jild wie de oarsaak. Troch de reformaasje wie de hannel yn ôflaten ôfnaam en kamen der minder pylgers. Mar ek de feroarings yn de estetyske foarstellings droech by oan it fermindere bou-entûsjasme. Nettsjinsteande dat waard op 5 jannewaris 1531 Ferdinand U, de broer fan keizer Karel V, yn de dom ta Dútsk kening keazen. Yn de perioade 1744 oant 1770 folge noch in barokke ynklaaing fan de tsjerke.

Mei de Frânske besetting yn 1794 waard it rkegebou grutte skea op. Dedom waard ûnthillige en de Frânske troepen brûkten it gebou foar opslach en as stâl foar de hynders. It domkapittel hie de skryn mei de reliken fan de Trije Keningen noch krekt op 'e tiid witten oer te bringen nei Westfalen. Op 4 jannewaris 1804 krige de skryn it plak yn de dom werom.

De twadde boufaze fan de dom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al 300 jier markearde de ûnfoltôge dom it silhûet fan de stêd. Yn al dy iuwen wie de tsjerke stadichoan ta in boufal ferfallen en der wie al praat oer de ôfbraak fan de katedraal. Oant 1868 stie op de ûnfoltôge súdlike toer noch jimmeroan de âlde boukraan út de 14e iuw. Ut dizze tiid stamt ek it iroanyske Keuler sechje dat de wrâld fergean soe as de katedraal ree wie.

Yn 1814 ûntdiek Georg Moller yn Darmstadt in diel fan de 4,05 meter hege tekening fan de foargevel mei de beide tuorren. De oare helte fan it plan fan de boumaster Arnold waard yn 1816 troch Sulpiz Boisserée yn Paris ûntdutsen. Op 20 oktober 1814 stelde de heechleraar en katolike publisist Joseph Görres yn it liberale blêd Rheinischen Merkur foar de Keuler domtsjerke ôf te bouwen. Oanhingers fan de romantyk lieten mei harren entûsiasme foar de midsiuwen ek yn it iepenbier harren ynteresse sjen foar de ûnfoltôge katedraal, dy't boppedat as symboal foar de Dútske ienheit foar de nasjonale beweging yn Dútslân mear en mear oan belang wûn. Lykwols wiene der ek tsjinstanners fan in foltôging te finen, sawol ûnder protestanten (dy't it jildfergrimerij fûnen) en katoliken (dy't bang wiene dat de nasjonale betsjutting fan de dom ta skea waard fan it religieuze belang).

Op 19 oktober 1820 die bliken dat er yn de dom ynbrutsen wie. Fan de skryn fan de Trije Keningen wiene weardefolle ûnderdielen stellen.

Yn 1823 waard útein set mei de restauraasje fan de besteande bou. Driuwende krêft efter de foltôging wiene benammen Joseph Görres en Sulpiz Boisserée. Op 4 september 1842 koe tank sij de Prusyske en protestânske kening Friedrich Wilhelm IV en de lettere aartsbiskop Johannes von Geissel it startsein jûn wurde foar it ôfmeitsjen fan it bouwurk. De earste stien fan de twadde boufaze waard nei't der al earder begûn wie mei de restauraasje fan de besteande bou op de noch ûnfoltôge súdlike toer omheech takele en dêr ynmetsele. Krekt dêr foar wie de Zentral-Dombau-Verein oprjochte, dy't û.o. as taak hie om jild yn te sammeljen foar de bou. Ek de steat Prusen holp mei de finânsiering. Dit barren waard mei in feest fan 14 oant 16 augustus 1848 fierd. Nei't it ynterieur fan it skip en it transept yn 1863 ree kaam, koe de skiedingsmuorre tusken it koar en it skip nei 560 jier delhelle wurde. Fan 1863 ôf waard fierder gien mei it wurk oan de westlike gevel.

De dom fan Keulen kaam nei 600 jier lang om let yn 1880 klear, alhiel neffens de tekeningen fan de midsieuwske boumasters en de bewarre geveltekening út likernôch 1280. De gevels fan it dwersskip binne lykwols 19e iuwske kreaasjes, om't der gjin midsiuwske tekeningen fan bestiene. By de bou brûkten de boumasters Ernst Friedrich Zwirner en Richard Voigtel moderne techniken, benammen fan in izeren konstruksje by it dak en de beide tuorren. Fjouwer jier lang soe de tsjerke it heechste bouwurk fan de wrâld bliuwe. Ein 1884 folge it Washington Monument mei in hichte fan 169,3 meter de katedraal op.

20e en 21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1904 begûn de striid tsjin it ferfal fan de sânstien. Yn de perioade 1904-1939 waarden de bearen fan it koar fernijd. Fan de earste faze fan 1248-1322 stamt noch de binnenste skyl fan it koar. Ek it maaswurk fan de finsters yn it heechkoar is oarspronklik.

De dom yn it troch bombardeminten ferwoastge Keulen (1946)

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke swier skansearre troch bombardeminten. Santich bommen foelen op it gebou en de brannen dy't ûntstiene waarden troch de hieltiten oanwêzige arbeiders yn en om de dom fuortendaliks dwêste. Troch de bommen stoartten û.o. yn it skip op guon plakken it ferwulft yn, mar troch de izeren dakkonstruksje bleau it dak yntakt. De Kölner Domplombe, in hege muorre, soarge der jierrenlang foar dat de noardlike toer net ynstoartte.

Nei de kriich begûnen archeologyske opgrafings troch Otto Doppelfeld, dy't noch oant 1997 duorren. It 700e jubileum fan de dom fûn yn 1948 plak yn in skeind bouwurk, mar yn 1956 wie de dom wer sa fier dat it gebou wer iepen wie foar de leauwenden. De jierren dêrnei stiene yn it ramt fan it gefjocht tsjin de soere rein en de loftfersmoarging, dy't stienfraat feroarsaakten en de stien fan de tsjerke jimmeroan donkerder kleurden. Milieumaatregels soargen der foar dat der in ein kaam oan dizze ynfloeden fan bûten ôf.

Op 25 augustus 2007 krige de katedraal in nij raam yn it finster fan it súdlike transept. it raam wie makke troch de Dútske keunstner Gerhard Richter. It is gearstald fan 11.500 stikjes kleurd glês dy't in kleurich tapyt foarmje. Sûnt it oarspronklike raam yn de Twadde Wrâldkriich ferlern gie ferfong in kleurleas raam it finster. Kardinaal Joachim Meisner hie lykwols de foarkar foar in raam mei in foarstelling fan nije katolike martelaren en wenne dêrom de ynhuldiging net by.

Heechalter mei de skryn fan de Trije Keningen
Stefan Lochner's Oanbidding fan de Trije Keningen
Ynterieur
Gero-krús
Trije Keningenraam (16e iuw)

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heechalter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heechalter fan de katedraal waard yn 1322 ynwijd. It is makke fan swart moarmer. De foar- en sydkanten binne dekorearre mei wite nissen mei de bylden fan de kroaning fan Marije en oan wjerskanten de apostels.

Skryn fan de Hillige Trije Keningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meast ferearde keunstwurk is de skryn mei de reliken fan de Trije Keningen. Aartsbiskop Filip fan Heinsberg joech yn 1190 de opdracht oan Niklaas fan Verdun foar it meitsjen fan de skryn. De reliken fan de hilligen wiene yn 1164 troch Freark Barbarossa as kriichsbút meinommen nei de ferovering fan Milaan. De skryn hat de foarm fan in basilyk en is makke fan brûns en sulver en ferguld en dekorearre mei byldsjes, arsjitektoanyske details en ealstiennen. By it iepenjen fan de skryn yn 1864 waarden bonken en tekstyl oantroffen.

Koarbanken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte goatyske koarbanken mei 104 sitten en twa rigen datearje neffens dendrochronologysk ûndersyk út de perioade 1308-1311 en binne de grutste fan Dútslân. Foar de paus en keizer binne twa aparte sitten reservearre. Boppe de koarbanken binne op in houten rêch skilderijen te sjen, dy't yn de amtsperioade fan Walram fan Gulik (1332-1349) makke binne.

Koarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 14 bylden mei in hichte fan 2,15 meter yn it koar stelle Marije, Kristus en de tolve apostels foar. De bylden waarden yn de jierren 1270-1280 yn de wurkplaats fan de doedestiidske boumaster Arnold houd. De tufstiennen bylden yn it skip datearje út 1322 en toane allyksa de tolve apostels, Kristus en Marije en lykje mei it foaroer steande byld yn petear te wêzen.

Kristoffelbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de oergong fan it súdlike dwersskip nei de koaromgong stiet oan in pylder it 3,73 grutte byld fan Sint-Kristoffel. It is út tufstien houd yn it lêste fearn fan de 15e iuw en wurdt oan it atelier fan de master Tilman taskreaun.

Fleugelalter Stefan Lochner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Keulse skilder Stefan Lochner skildere yn 1442 foar de riedskapel fan de stêd it fleugelalter yn de Marienkapelle. It is it belangrykste wurk fan de letgoatyske Keulse skilderskoalle. It moast yn 1794 foar de Frânske revolúsjetroepen weistoppe wurde. Nei de ûnthilliging fan de riedskapel yn 1810 waard it alter oan de dom oerdroegen. Dêr fersiert it keunswurk it alter fan de Marienkapelle. Alle dagen wurdt hjir de mis lêzen en sa hat it alter ek hjoeddedei nog in liturgysk gebrûk. Yn de kryst- en fêsteltiid wurde de fleugels fan it alter sletten.

Agilofusalter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Agilofusalter krige de namme fan in Keuler biskop út de 8e iuw en waard yn Antwerpen makke. It heart ta de grutste Antwerper alters fan houtsnijwurk en toant foarstellings út it libben en de lijensskiednis fan Kristus. De ôfmjittings fan it alter binne 5,50 meter heech en 7 meter breed. Nei in yngeande restauraasje waard it alter yn july 2012 mei in feestlike mis yn it súdlike dwersskip ynwijd. It alter is ôfkomstich út it goatyske koar fan de Maria-ad-Gradustsjerke, dy't net fier fan de domstjerke stie en nei de sekularisaasje yn 1817 ûnder de slopershammer foel.

Gero-krús[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de sakristy is it Gero-krús te sjen. It krús is in út ikehout sniene krusifix en hat noch resten fan fergulding en farve. Oannommen wurdt dat it yn likernôch 960 troch aartsbiskop Gero besteld is.

Madonna fan Milaan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iergoatyske Mailänder Madonna (Madonna fan Milaan) stiet yn de Marienkapelle. It byld fan Marije mei it bern Jezus datearret fan 1290.

Klara-alter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Klarenalter (Klara-alter) stamt út 1350-1360 en stie earder yn de Sint-Klaratsjerke fan de Klarissen. Mei de sekularisaasje waard de kleastertsjerke ôfbrutsen en kaam it alter yn de dom terjochte.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de dom binne meardere oargels. Twa lytsere ynstruminten binne te finen yn de Marienkapelle en de Sakramentskapelle. Dêrnjonken hat de dom twa grutte oargels, beide fan de oargelbouwer Klais út Bonn. Beide oargels kinne mei in mienskiplike spyltafel bespile wurde.

Oargel dwersskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutte oargel út 1948 waard boud yn in tiid dat de dom noch net folslein hersteld wie fan de kriichskea. Yn die tiid wie it skip fanwegen it wurk noch mei in tydlike wand skieden fan it transept en alter. It ynstrumint waard oarspronklik mei 68 registers ferdield oer trije manualen en pedaal boud en yn it ramt fan it 700 jierrich jubileum ynwijd. It stiet op in ferhâldingsgewiis net sa hege betonnen galerij yn it eastlike sydskip fan it noardlike dwersskip. Far goatyske katedralen is dit wat in frjemd plak foar in oargel, mar yn dy tiid koe it der op troch, benammen ek om't de liturgy foar it Twadde Fatikaansk Konsylje noch bot op it heechalter rjochte wie. It oargel hat in klassike disposysje mei neobarokke ynfloeden.

Doe't it tsjerkeskip wer hersteld wie en de skiedingswand del helle waard, die bliken dat it oargel foar de hiele tsjerke te lyts wie. Yn 1956 waard der noch in manuaal tafoege en it tal registers fergrutte nei 86. Nei de lêste feroarings fan 2002 hat it ynstrumint tsjintwurdich 88 registers en twa effektregisters ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Oargel tsjerkeskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn it skip fan de tsjerke is as in swellenêstoargel yn de jierren 1990 boud en hinget foar de noardlike muorre yn it skip oan in stielkonstruksje sûnder de muorre te reitsjen. Meiïnoar hat dit oargel 53 registers op trije manualen (rêchposityf, haadwurk en swelwurk) en pedaal.

Bysûnder snoad is in by-register, dat yn in it ûnderste diel fan it rêchposityf ynboud is. By it brûken fan dit register mei de namme "Loss Jonn" wurdt der ûnder yn it rêchposityf in lûkje iepene, dêr't in houten mantsje mei in narremûtse út komt. It mantsje stelt de domproast Bernard Henrichs foar en in spylwurk yn it oargel spilet dan it liet Mer losse d’r Dom en Kölle (Wy litte de dom yn Keulen).

Grêven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêfmonumint Konrad fan Hochstaden yn de Johanneskapelle
Monumint Filips fan Heinsberg

Yn de dom fûn in rige fan aartsbiskoppen in lêste rêstplak:

  • Gero fan Keulen
  • Rainald fan Dassel
  • Filips I fan Heinsberg
  • Engelbert I fan Keulen
  • Konrad fan Hochstaden
  • Walram fan Gulik
  • Willem fan Gennep
  • Engelbert III fan der Mark (1304-1368)
  • Friedrich III fan Saarwerden
  • Dietrich II fan Moers
  • Herman fan Hessen (1450–1508)
  • Filips II fan Daun (1463-1515)
  • Adolf III. fan Schaumburg
  • Anton fan Schaumburg
  • Ernst fan Beieren (1554–1612)
  • Ferdinand fan Beieren (1577–1650)
  • Maximilian Heinrich fan Beieren
  • Joseph Clemens fan Beieren
  • Clemens August fan Beieren
  • Maximilian Friedrich von Königsegg-Rothenfels
  • Ferdinand August von Spiege]
  • Johannes von Geissel
  • Paulus Melchers
  • Philipp Krementz
  • Hubert Theophil Simar
  • Anton Fischer
  • Felix von Hartmann
  • Karl Joseph Schulte
  • Joseph Frings
  • Joseph Höffner
  • Josef Plöger

Njonken biskoppen waarden ek inkelde oare persoanen yn de dom te rêste lein:

  • Irmgard fan Süchteln
  • Richeza, keninginne fan Poalen (995–1063)
  • Gottfried IV (1318–1368), greve fan Arnsberg

Tsjerkeskat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skatkeamer fan de dom beslacht seis romten ferdield oer trije ferdjippings. Op oerflak fan likernôch 500 fjouwerkante meter wurde reliquaria, liturgysk guod en tekstyl, midsiuwske bylden en fynsten útstald. De nijbou fan de skatkeamer yn de útboude kelders fan de 13e iuw oan de noardlike kant fan de dom waard op 21 oktober 2000 iepene.

Yn de nacht nei 2 novimber 1975 waard der yn de âlde skatkeamer fan de dom ynbrutsen. Weardefolle monstrânsen en krusen waarden stellen. Lang om let waarden de dieders mei help fan de Keuler ûnderwrâld snipt. In part fan de stellen saken, lykas in gouden monstrâns út 1657, hiene hja doe al omraand.

Wrâlderfskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dom waard yn 1996 troch UNESCO as ien fan de Jeropeeske masterwurken fan goatyske arsjitektuer klassifisearre en ta wrâlderfskip ferklearre. Nije bouplannen oan de oare kant bedriigden yn 2004 it sicht op de dom en it unike Keuler silhûet en UNESCO sette dêrom de dom op de reade list. Nei feroarings yn de plannen en de tasizzing dat nei de foltôge Kölntriangle'gjin fierdere heechbou barre sil, waard de dom wer fan de reade list ferwidere.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Dom