Springe nei ynhâld

Opper-Frankryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hauts-de-France)
Opper-Frankryk
Hauts-de-France
Regio yn Frankryk
Symboalen

Bestjoer
haadplakLille
arrondisseminten26
kantons145
gemeenten3.788
Sifers
ynwenners5.992.194 (2023)
oerflak31.806 km²
befolkingsticht.188 ynw./km²
Oar
stifting2016
ISO-koadeFR-HDF
websidehautsdefrance.fr

Opper Frankryk (Frânsk en offisjeel: Hauts-de-France, Pikardysk: Heuts-d'Franche) is de noardlikste regio fan Frankryk. De regio ûntstie op 1 jannewaris 2016 troch gearfoeging fan 'e twa regio's Nord-Pas-de-Calais en Pikardje. Op 6 en 13 desimber 2015 fûnen de eerste ferkiezings foar de 170 leden fan 'e earste Conseil Régional ("Regionale Ried") plak.

De regio hat in oerflak fan 31.813 km².

De regio droech fan jannewaris oant septimber 2016 de tydlike namme Nord-Pas-de-Calais-Picardie. Dy namme folge de alfabetyske folchoarder fan 'e fusearre regio's. Oant 30 juny hie de Regionale Ried de tiid om foar in definitive namme te kiezen. Yn maart 2016 keas de ried foar de namme Hauts-de France mei as ûndertitel Nord-Pas-de-Calais-Picardie. Dy namme waard sûnder ûndertitel op 28 septimber 2016 troch it Conseil d’État fêstlein en gyng de oare deis yn wurking.

By in enkête op ynternet waard ynstee fan Hauts-de-France ek Flandres-Artois-Picardie en Nord-Picardie as mooglike nammen útsteld.

Departeminten fan de regio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Regio's oant 2015WapenDepartemintsnû.:DepartemintenFerdieling sitten
Nord-Pas-de-Calais 59 Nord 76
62 Pas-de-Calais 44
Picardie 02 Aisne 17
60 Oise 25
80 Somme 18
Tal sitten yn 'e Conseil Régional: 170
Arrondisseminten yn 'e regio Hauts-de-France.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hauts-de-France fan Wikimedia Commons.
 
             Frankryk
Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
· · Berjocht bewurkje