Mensuer

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Mensuer fan in blaasynstrumint is de ferhâlding tusken de lingte ta de trochsnede (dikte) fan de buis (en ek syn triljende luchtkolom). Dy mensuer makket út hokker leechste en heechste toanen in ynstrumint produsearje kin.

Sa hat de tuba in wide mensuer: de grûntoanen (bastoanen) winne dêrtroch oan krêft. In hoarn dêrfoaroer hat in folle krappere mensuer; dêrtroch is de klank boppetoanriker en hat dat ynstrumint in folle grutter berik.