Springe nei ynhâld

Katedraal fan Sées

Ut Wikipedy
Katedraal fan Sées
Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Orne
plak Sées
adres Pl. du Général de Gaulle
koördinaten 48° 36' N 0° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Seés
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1310-14e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Bisdom Seés
Kaart
Katedraal fan Sées (Frankryk)
Katedraal fan Sées

De Katedraal fan Sées (Frânsk: Basilique Cathédrale Notre-Dame de Sées; Katedrale basilyk fan Us-Leaffrou fan Sées) is in oan Marije wijde goatyske tsjerke yn 'e Noardfrânske stêd Sées op de grins fan Normandje en it Pays de la Loire. De katedraal is de biskopssit fan it bisdom mei deselde namme en waard foar in grut part yn 'e 13e iuw boud. Fanwegen flaters yn 'e bou moast de katedraal letter foar in grut part fernijd wurde. De katedraal waard yn 1871 in basilica minor en sûnt 1875 is de katedraal in histoarysk monumint.

Yn 'e fyfte iuw krige de earste biskop fan Sées, Sint-Latuinus, fan Bonifatius I de opdracht om yn 'e krite in tsjerke te stiftsjen. Mooglik stiene der yn dy iere tiid twa tsjerken op it plak, dy't letter gearfoege waarden ta ien tsjerke. It dûbele patrosinium fan Marije en oan de hilligen Gervasius en Protasius soe dêr op tsjutte kinne: in oan Marije wijde biskopstsjerke en in foar it folk oan de martele bruorren wijde tsjerke. De Gervasius en Protasiustsjerke stie op it plak fan it eastlike diel fan de hjoeddeiske katedraal, dy't neffens 19-iuwsk ûndersyk op it plak fan in heidenske timpel boud wie. Mei de ynfallen fan de Wytsings waard de karolingyske katedraal yn 878 of 910 ferneatige en yn it lêste fearn fan de 10e iuw werboud. Dy katedraal waard yn 1048 nei besetting fan de stêd troch banditen, dy't de katedraal misbrûkten as bordeel en dievehol, by it werom oermasterjen fan de stêd troch biskop Ivo II foar in grut part troch brân fernield. De katedraal krige al gau in nij tek, mar troch de brân soene dêrnei de muorren al gau ynstoarte. Om 1053 hinne sette er útein mei de bou fan wer in nije katedraal, mar de biskop soe de foltôging sels net mear meimeitsje. De katedraal waard op 21 maart 1126 ynwijd, mar by de oarloggen tusken Hindrik II en Loadewyk VII waard de katedraal op 'e nij yn 'e brân stutsen.

Hjoeddeiske katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan de hjoeddeiske katedraal waard sûnt 1210 boud. Brek oan jild makke dat der te min omtinken wie foar de fûneminten. Mei it koer, de kapellen en it dwersskip waard yn it tredde fearn fan 'e 13e iuw útein set en de foltôging dêrfan wie oan it begjin fan 'e 14e iuw, sa't dat bliken docht út it grêfskrift yn it koer fan de katedraal, dat de boumaster Jean de Bernières (1278-1293) foarsteld. Op 27 septimber 1310 wijde biskop Philippe Le Boulenger (1294-1315) de katedraal yn.

Ynterieur

De katedraal hie slim te lijen yn de Hûndertjierrige Kriich (1353, 1375) en de godstsjinstoarloggen. Nei eardere ûntwijingen waard de katedraal yn 1494 op 'e nij konsakrearre.

Biskop Jacques Lallement (1728-1740) waard fanwegen de strieminne steat fan it bouwurk yn 1740 twongen om de katedraal te sluten. Yn dy tiid waard de krusingstoer ôfbrutsen, sadat it hjoeddedei de iennige Normandyske goatyske katedraal sûnder krusingstoer is (lykas de lantearnen boppe de krusings fan 'e katedralen fan Rouen, Évreux, Coutances en Lisieux of Bayeux). Jean-Baptiste du Plessis d'Argentré (1776-1791) joech de arsjitekt Joseph Brousseau de opdracht om de katedraal te restaurearjen. It is ek oan him te tankjen dat it biskoplike paleis wer opboud waard.

Grûnplan fan de katedraal
  • Lingte: 83,6 m
  • Breedte fan it skip 9,10 m
  • Breedte fan it skip mei sydskippen 21,55
  • Hichte fan it skip oant de slútstien 24 m
  • Hichte fan 'e sydskippen oant de slútstien 12 m
  • Hichte fan 'e tuorren 70 m
Haadalter

De katedraal hat in oerflak fan in Latynsk krús en hat in seis traveeën lang skip. Oan de westlike gevel steane twa tuorren. Oarspronklik wie de noardlike spits heger, mar by in 19e-iuwske restauraasje waarden de tuorren lyk makke. De gevel hat trije portalen. Boppe it sintrale portaal is in timpaan, wêrfan de oarspronklike bylden mei de revolúsje ferlern gyngen. Wat der noch te sjen is binne de resten fan Kristus dy't de Jongfaam kroant en dêrûnder bylden efter de Hillige Jongfaam op har stjerbêd en har Himelfeart.

It dwersskip is asymmetrysk en yn rayonnant-goatykske styl. De súdlike earm hat twa traveeën wylst de noardlike earm der trije hat.

It koer is mear Frânsk as Normandysk fan styl. It bestiet út twa traveeën en in fiifsidige apsis en wurdt omfieme troch in omgong en fiif kapellen yn 'e rayonante gotyk. Yn it koer binne glês-yn-leadramen bewarre bleaun út de 13e en 14e iuw.

Aristide Cavaillé-Coll boude tusken 1881 oant 1883 efter in âldere oargelkas út 1743 in nij oargel foar de katedraal mei 32 ​​registers op trije manualen en pedaal. It waard op 18 jannewaris troch de oargelist Alexandre Guilmant yn gebrûk nommen. It oargel waard tusken 1969 en 1972 fergrutte nei 38 registers troch de oargelmakkers Louis Benoist en Pierre Sarélot.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Notre-Dame de Sées