Springe nei ynhâld

Bisdom Sées

Ut Wikipedy
Bisdom Sées
Diocèse de Séez
Lokaasje bisdom Sées (read).
Lokaasje bisdom Sées (read).
Basisgegevens
Tsjerkeprovinsje Rouen
Biskopssit Sées
Katedraal Us Leaffrou fan Sées
Patroanhillige Marije
Hiemside www.orne.catholique.fr
Skiednis
Oprjochting 5e iuw
Hierargy
Biskop Bruno Feillet
Statistyk
Oerflak 6.103 km²
Befolking 279.755 (2020)
Wêrfan katolyk 260.430 (2020; 93,1%)
Parochy's 10 (2024)

It bisdom Sées (ek Séez, Latyn: Dioecesis Sagiensis; Frânsk: Diocèse de Sées) is in roomsk-katolyk bisdom yn Frankryk. De biskopssit is de stêd Sées. It bisdom is 6.103 km² grut en hâld de grinzen fan it departemint Orne oan. Sées is in suffragaan bisdom fan it aartsbisdom Rouen.

Yn 2022 telde it bisdom likernôch 261.000 katoliken op in ynwennertal fan 279.942. Dêrmei is 93,2% fan 'e befolking katolyk. It bisdom is sûnt 2024 ferdield yn 10 parochy's.[1]

De earste biskop fan Sées soe Latuinus west ha, in Britske misjonaris dy't yn 'e fyfte iuw yn 'e krite evangelisearre. Hy boude de earste tsjerke yn Sées op it plak fan in eardere Romeinske timpel. Sûnt de 9e iuw wurdt Latuinus as hillige fereare.

De tsjerklike organisaasjestruktuer waard mei de ynfallen fan 'e Wytsings tusken de 9e en 10e iuw fersteurd.

Nei it Konkordaat fan 1801 waarden de grinzen fan it bisdom op 'e nij tekene om se tegearre mei de grinzen fan it departemint Orne gearfalle te litten. Dielen fan it âlde bisdom Lisieux waarden doe by Sées foege.

In reorganisaasje yn 'e jierren 1990 brocht it tal parochy's mei it each op de fierdergeande sekularisaasje en it preestertekoart werom fan 509 nei 33. By de lêste reorganisaasje fan 2024 waard it oantal parochy's noch fierder werom brocht nei 10.

Bekende hilligen út it bisdom binne Jean Eudes en Theresia fan Lisieux.

List fan biskoppen sûnt 1802

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: