Sées
| Sées | ||
| Gemeentehûs | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| departemint | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 4.168 (2023) | |
| Oerflak | 40.31 km² | |
| Befolkingsticht. | 103 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 48° 36' N 0° 10' E | |
| Offisjele webside | ||
| hiemside Sées | ||
| Kaart | ||
Sées is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Orne (regio Normandje). De gemeente makket diel út fan it arrondissemint Alençon. Sées leit yn it Natuerpark Normandje-Maine.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt fan it Latynske (civitas) Sagiensis, dat stêd fan 'e Sagii betsjut. Nei de Romeinske oermastering ûntwikkele de stêd him as de haadstêd fan 'e Sagii. Dêrfan tsjûgje de fynsten fan Romeinske munten, kapitelen yn 'e Korintyske styl en de oerbliuwsels fan in Gallo-Romeinske timpel dy't yn 'e 5e iuw ferneatige waard.
Mei de komst fan Latuinus, de earste biskop fan it bisdom Sées, yn 'e 5e iuw waard de stêd in biskopsstêd. It gebiet waard kerstene en in katedraal waard stifte op it plak fan 'e heidenske timpel.

Tige ferswakke troch de ferskillende ynfaazjes fan ; e Wytsings yn 'e 9e iuw, ûntwikkele de stêd him dêrnei fierder yn trije ferskillende sintra: Bourg-L’Évêque om 'e katedraal hinne op 'e noardlike kant fan 'e Orne, Bourg-Le-Comte om it kastiel fan 'e greve fan Alençon hinne en Bourg-L’Abbé om 'e Abdij Saint-Martin, dy't alletwa op 'e súdlike kant fan 'e Orne leine.
Oan 'e ein fan 'e 10e iuw waarden de resten fan 'e muorren fan Sées ôfbrutsen om mei de stiennen in nije katedraal te bouwen. Om 'e earder al troch de Wytsings ferneatige fêstingwurken te kompinsearjen, fersterken de hartoggen fan Normandje de plakken Exmes en Gacé. Om 1060 hinne sloech it Hûs fan Bellême yn Sées foar master op.
Yn 'e 13e iuw waard der in Fransiskaansk kleaster yn 'e stêd stifte en yn 'e 17e iuw folgen noch mear kleasteroarders.
Yn 'e 16e iuw hie de stêd te lijen fan 'e Hugenoarte-oarloggen. De stêd waard yn 1590 ynnommen troch Hindrik fan Navarre
It duorre noch oant yn 'e 18e iuw dat de trije sintra ien beboud gehiel waarden. Yn dy tiid waarden ek de stedspoarten ôfbrutsen. Ek waard de Orne kanalisearre en waarden de sompen west fan 'e stêd drûchlein.
De stêd wreide him yn 'e 19e en 20e iuw bûten de muorren út en fral nei it noarden en suden ta by de ferkearsdiken en it stasjon lâns.
Yn Sées wiene in soad kleasters en mei de Slach om Normandje waard de stêd brûkt as in neutrale hospitaalstêd. Yn juny 1944 foardere de besette in soad religieuze gebouwen om ferwûne soldaten te behanneljen. De gebouwen krigen grutte reade krusen op 'e dakken en dêr is it oan te tankjen dat de stêd net in soad te lijen hân hat fan fernielings.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1800 | 1855 | 1901 | 1936 | 1975 | 1999 | 2011 | 2020 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 5.471 | 5.005 | 4.165 | 4.426 | 4.706 | 4.504 | 4.377 | 4.199 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Meast opfallende gebou fan Sées is de goatyske Us-Leaffrouwekatedraal.
- Yn 'e Ancienne chapelle canoniale (Alde koarhearekapel) kamen eartiids de koarhearen fan 'e katedraal gear. De kapel datearret út 'e 13e iuw en krige yn 'e 18e iuw in houten foarhal.
- De Sint-Martinusabdij waard yn 'e 11e iuw stifte. Yn 'e Hûndertjierrige Oarloch waard de abdij plondere, sadat yn 1431 in nije wijing needsaaklik wie. Mei de Frânske Revolúsje waard de abdij sletten en op it barokke abtsgeboû nei ferneatige.
- De Église Notre-Dame-de-la-Place (ek Église Saint-Martin) stiet oan it Place du Général De Gaulle en waard yn 'e 16e iuw boud.
- It Palais d'Argentré is it eardere biskoplike paleis út 'e 18e iuw, dat hjoed-de-dei as bestjoerssit fan it departemint tsjinnet.
- De 19e-iuwske Basilique de l'Immaculée-Conception is in basilyk.
- De Halle aux Grains (Nôthal) waard yn 'e jierren 1830 boud.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musée départemental d'art religieux, 7 place du Gl de Gaulle
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Sées
|
