Orne (departemint)
Orne | |
---|---|
De lizzing fan it departemint Orne yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Normandje |
haadplak | Alençon |
grutste plak | Alençon |
departemintsnûmer | 61 |
sifers | |
ynwennertal | 281.593 (2018) |
oerflak | 6.103 km² |
befolkingstichtens | 46 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49° 3′ N 1° 15′ E |
webside | www.orne.fr |
Orne is ien fan de fiif Normandyske departeminten yn Frankryk. It departemint is ferneamd nei de rivier de Orne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint is ien fan de 83 departeminten, dy't yn de tiid fan de Frânske Revolúsje foarme binne. It grutste diel fan it departemint hearde eartiids by de eardere provinsje Normandje, allinne it súdeastlike diel makke histoarysk diel út fan de provinsje Perche.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanbuorjende departeminten fan Orne binne Eure, Eure-et-Loir, Sarthe, Mayenne, Manche en Calvados.
Orne bestiet út trije arrondisseminten:
- Alençon
- Argentan
- Mortagne-au-Perche
De trije arrondisseminten binne ferdield yn meiïnoar 21 kantons en 385 gemeenten.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte yndustriële sintra binne ôfwêzich en de Orne is fral in agrarysk en grien gebiet bleaun.
It departemint is heuvelich, útsein it flakke lânskip by Argentan. Der binne lânskiplik twa bysûndere regio's: Suisse Normande en de Alpes Mancelles. Dy dielen binne toeristysk fanwegen it troch de rivieren Orne en Sarthe foarme skildereftige lânskip.
It heechste punt fan it departemint is de Signal d'Écouves (413 meter), tagelyk it heechste punt fan Normandje. It leit yn it bosk fan Écouves, noardlik fan Alençon. De Butte Chaumont mei in hichte fan 378 meter is in oare heuvel yn it bosk Écouves.
Likernôch 17% fan it lân bestiet út bosk, wêrfan't it grutste diel út leafbeammen bestiet.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografyske ûntwikkeling sûnt 1962
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fiif grutste gemeenten wat ynwennertal oanbelanget binne Alençon, Flers, Argentan, L'Aigle en La Ferté-Macé.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Signal d'Écouve -
Dolmen -
La Roche d’Oëtre -
Abdij fan Lonlay -
Forêt d'Andaine -
Saint-Céneri-le-Gérei
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Orne fan Wikimedia Commons. |