Morbihan
Morbihan | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Bretanje (regio) |
haadplak | Vannes |
grutste plak | Lorient |
departemintsnûmer | 56 |
sifers | |
ynwennertal | 747.548 (2016) |
oerflak | 6.823 km² |
befolkingstichtens | 109,6 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 47°50′ N 02°50′ W |
webside | www.cg56.fr |
Morbihan (Frânske útspr.: [mɔʀbiˈã], likernôch: "moch-bi-â"; Bretonsk: Mor-Bihan, útspr.: [moʀˈbiãn], likernôch: "moach-biân") is in departemint fan Frankryk dat yn it westen fan it lân leit, oan 'e súdlike kust fan it skiereilân Bretanje. De namme betsjut "Lytse See" yn it Bretonsk (fan mor, "see", en bihan, "lyts"), en ferwiist nei de Golf fan Morbihan, dy't eins in lytse binnensee is. Morbihan makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje en hat it departemintsnûmer 56. De haadstêd is Vannes, mar de grutste stêd is Lorient. Morbihan hie yn 2016 in befolking fan krapoan 748.000 minsken. It departemint stiet benammen bekend om 'e Stiennen fan Carnac en oare megalityske monuminten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morbihan leit yn it westen fan Frankryk, oan 'e súdlike kust fan it skiereilân Bretanje. It beslacht in oerflak fan 6.823 km². It grinzget yn it westen oan it departemint Finistère, yn it noarden oan it departemint Côtes-d'Armor, yn it noardeasten oan it departemint Ille-et-Vilaine, yn it súdeasten oan it departemint Loire-Atlantique en yn it suden oan 'e Golf fan Biskaje, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Atlantyske Oseaan. It lânskip fan Morbihan is licht heuveleftich. De kust is wyld, mei in protte kliffen en kapen, en súdlik fan 'e haadstêd Vannes in lytse binnensee dy't de Golf fan Morbihan hjit en oan 'e súdkant begrinzge wurdt troch it Rhuys-skiereilân.
De Golf fan Morbihan omfiemet in grut tal eilantsjes: 365 neffens de leginde, mar yn it echt binne it 30 oant 40, ôfhinklik fan 'e telling. Al dy eilantsje op twa nei (Île-aux-Moines en Île-d'Arz) binne priveebesit en eigendom fan filmstjerren, moade-ûntwerpers en oare superriken. De Golf fan Morbihan mûnet út yn 'e Baai fan Quiberon, dy't fan 'e iepen oseaan ôfskaat wurdt troch it nei suden ta útstykjende Skiereilân fan Quiberon. In grut tal eilannen leit foar de súdkust, wêrfan't Belle-Île fierwei it grutst is. Oare gruttere eilannen binne Croix, Houat en Hoëdic.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morbihan wie ien fan 'e oarspronklike 83 departeminten fan Frankryk, dy't op 4 maart 1790 oprjochte waarden nei't by de Frânske Revolúsje fan 1789 alle doetiidske Frânske provinsjes (wêrûnder Bretanje) opheft wiene. Yn 'e njoggentjinde iuw groeide de havenstêd Lorient troch yndustrialisaasje en urbanisaasje út ta in ekonomysk sintrum fan belang, hoewol't de rest fan it departemint fierhinne in plattelân bleau. It gebiet krige, krekt as de rest fan Bretanje, te lijen fan 'e slimme ûnderdrukking fan 'e lânseigen Bretonske taal troch de Frânske oerheid, en naam ek diel oan 'e oplibbing fan 'e Bretonske kultuer yn 'e twadde helte fan 'e iuw.
Yn 'e tweintichste iuw gie de aktive striid yn 'e Earste Wrâldoarloch fierhinne oan Morbihan foarby, mar tsientûzenen jonge manlju út it departemint kamen om yn 'e rinfuorgen fan it Westfront. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Morbihan ûnder de Slach om Frankryk yn 'e maityd fan 1940, beset troch nazy-Dútslân. Nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, waard it grutste part fan it departemint mei de rest Bretanje yn augustus 1944 befrijd. De stêd Lorient, lykwols, dêr't de Dútsers in wichtige marinebasis fêstige hiene, bleau oant 11 maaie 1945 yn 'e hannen fan 'e besetter. Tsjin dy tiid wie de stêd folslein ferwoastge troch Alliëarde bombardeminten.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Morbihan stipet noch altyd fierhinne op 'e agraryske sektor. Benammen feehâlderij en fiskerij binne fan grut belang. Wynbou wurdt yn it departemint net bedreaun, mar wol de bou fan û.m. nôt, dat fierhinne bedoeld is as feefoer. Benammen om Lorient hinne bestiet ek frijwat yndustry, dêr't histoarysk de skipsbou in wichtich ûnderdiel fan foarmet. Fierders is foar Morbihan benammen it toerisme wichtich, dat fral draait om 'e withoefolle megalityske monuminten yn it gebiet, mei as bekendsten de Stiennen fan Carnac en de megaliten fan Locmariaquer. Yn Morbihan is ek de École Spéciale Militaire de Saint-Cyr fêstige, de Frânske nasjonale militêre akademy.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morbihan is in departemint fan Frankryk dat bestjoerd wurdt troch in departemintale ried, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings troch de ynwenners keazen wurde. Oan it haad fan it departemintaal bestjoer, dat syn sit hat yn 'e departemintale haadstêd Vannes (Bretonsk: Gwened), stiet in prefekt. It departemint is ferdield yn 3 arrondisseminten, dy't opdield binne yn 21 kantonnen, dy't wer opdield binne yn 250 gemeenten. Morbihan bestiet fierders út 6 kiesdistrikten foar de Nasjonale Assimblee.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens offisjele sifers út 2016 hie Morbihan doe 747.548 ynwenners. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 109,6 minsken de km². De grutste stêd yn it departemint is Lorient, mei yn 2011 58.000 ynwenners, wylst de departemintale haadstêd Vannes doe in befolking fan 53.000 minsken hie.
It grutste part fan 'e befolking fan Morbihan bestiet út etnyske Bretonnen, wylst de rest fierhinne opmakke is út Frânsen. It departemint leit op 'e grins fan Neder-Bretanje, it diel fan it histoaryske Bretanje dat Bretonsktalich is, en Opper-Bretanje, it diel dêr't fan âlds Gallo sprutsen wurdt. De grins tusken dy beide gebieten rint fan Mûr-de-Bretagne, oer de grins mei Côtes-d'Armor, mei in flauwe bocht nei it Rhuys-skiereilân oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. As gefolch fan 'e yntinsive kulturele assimilaasjepolityk dy't it nasjonale regear sûnt de iere njoggentjinde iuw fierd hat, is it Frânsk lykwols tsjintwurdich foar de oergrutte mearderheid fan 'e befolking de memmetaal. It Bretonsk, in Keltyske taal, wurdt noch sprutsen troch in minderheid, wylst it Gallo, in Romaanske taal dy't faak sjoen wurdt as in Frânsk dialekt, noch minder sprekkers hat.
Op religieus mêd bestie de befolking fan Morbihan yn 2006 noch foar sa'n 70% út (aktive) oanhingers fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dat is it heechste befolkingsoandiel fan roomsen yn hiel it histoaryske Bretanje, dat sûnt de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch sterk oan sekularisaasje bleatstien hat. De rest fan 'e befolking wurdt foar it meastepart foarme troch ateïsten en agnosten.
Histoaryske befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | 1801 | 1821 | 1841 | 1861 | 1881 | 1901 | 1921 | 1946 | 1962 | 1982 | 1999 | 2016 |
ynwenners | 401.215 | 416.224 | 447.898 | 486.504 | 521.614 | 564.000 | 556.047 | 506.884 | 530.833 | 590.889 | 643.293 | 747.548 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (fr) Offisjele webside fan 'e Algemiene Ried fan Morbihan
- (fr) Offisjele webside fan 'e Prefektuer fan Morbihan
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|