Springe nei ynhâld

Marne (departemint)

Ut Wikipedy
Marne

Lokaasje fan it departemint Marne (read) yn Frankryk.
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Grutte Easten
haadplak Châlons-en-Champagne
grutste plak Châlons-en-Champagne
departemintsnûmer 51
sifers
ynwennertal 567.462 (2018)
oerflak 8.169,1 km²
befolkingstichtens 69 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 49°0′ N 04°15′ E
webside aube.fr

Marne is in departemint fan de Frânske regio Grutte Easten (Grand Est).

Kaart fan it departemint Marne yn de regio Grutte Easten

Marne is ien fan de 83 departeminten, dy't op 4 maart 1790 oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en foarme is út de eardere provinsje Champagne. Oarspronklik bestie it út de seis distrikten Châlons-sur-Marne, Épernay, Reims, Sainte-Menehould, Sézanne en Vitry-le-François.YN 1800 waarden fan de seis distrikten de fiif arrondisseminten Châlons-sur-Marne, Épernay, Reims, Sainte-Menehould en Vitry-le-François foarme. It arrondissemint Sainte-Menehould waard yn 2017 weryndield by it arrondissemint Châlons-en-Champagne.

Fan 1960 oant 2015 makke Marne diel út fan de regio Sjampanje-Ardinnen, dy't yn 2016 yn de regio Grutte Easten opgyng.

It departemint grinzget yn it noarden oan it departemint Ardennes, yn it easten oan it departemint Meuse, yn it súdeasten oan it departemint Haute-Marne, yn it suden oan it departemint Aube, yn it súdwesten oan it departemint Seine-et-Marne en yn it noardwesten oan it departemint Aisne.

Yn it departemint Marne leit de streek Champagne, dy't oer de hiele wrâld bekend is fanwegen de dêr produsearre sjampanje.

Reims, katedraal
Champagne by Verzenay

Neffens ynwennertal binne de grutste stêden fan it departemint:

Stêd Ynwennertal 2018 Arrondissemint
Reims 182.211 Reims
Châlons-en-Champagne 44.246 Châlons-en-Champagne
Épernay 22.330 Épernay
Vitry-le-François 11.743 Vitry-le-François
Tinqueux 10.154 Reims
Bétheny 7.039 Reims
Cormontreuil 6.488 Reims
Saint-Memmie 5.473 Châlons-en-Champagne
Fismes 5.560 Reims
Mourmelon-le-Grand 5.102 Châlons-en-Champagne

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It departemint Marne is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 23 kantons en 616 gemeenten.

Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten
Châlons-en-Champagne 108.698 2.616,87 42 5 150
Épernay 118.060 2.726,42 43 5 210
Reims 295.926 1.436,81 206 13 143
Vitry-le-François 44.778 1.416,48 32 14 243
Departemint Marned 567.462 8.196,58 69 23 613

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Departeminten fan Frankryk Flagge fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

· · Berjocht bewurkje