Katedraal fan Rouen
Us-Leaffrouwekatedraal
Cathédrale Notre-Dame | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
regio | ![]() | |
departemint | ![]() | |
plak | Rouen | |
adres | Place de Cathédrale | |
koördinaten | 49°26'N 1°41'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Rouen | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e-15e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ![]() | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan Rouen (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame de Rouen) is ien fan 'e grutste goatyske katedralen fan Frankryk. Mei de bou waard yn 'e 12e iuw begûn, dy't yn 'e 16e iuw einige. Yn 'e 19e iuw fûn in restauraasje plak. Yn dy tiid krige de katedraal ek syn 151 meter hege smei-izeren spits, de heechste tsjerketoer fan it lân. De katedraal is de sit fan 'e aartsbiskop fan Rouen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foargonger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske katedraal stiet op 'e fûneminten fan 'e 11e-iuwske romaanske tsjerke. Fan dy tsjerke binne de trije ûnderste ferdjippings fan 'e noardlike Tour Saint-Romain, de sydportalen fan 'e gevel en in diel fan it skip bewarre bleaun. Rouen waard yn 'e 3e iuw de sit fan it bisdom en om 390 hinne waard der in basilyk foar de stêd boud.
Goatyske nijbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hugo fan Amiens begûn mei de ferbouwing fan 'e romaanske tsjerke mei it ferheegjen fan de Tour Saint-Romain. Doe wie dy toer noch in frijsteande klokketoer, dy't los fan it romaanske tsjerkeskip stie. Op dat stuit waard der noch net oan 'e tsjerke wurke, sa't it liket wiene der doe noch gjin plannen om de tsjerke te fernijen.
Om 1180 hinne waard úteinset mei de iergoatyske nijbou fan 'e katedraal, oars as wenst begûnen se net mei it koer mar mei it tsjerkeskip. De earste boufaze bestie út de bou fan 'e ûnderste dielen fan 'e westlike gevel mei de portalen, nei alle gedachten westlik fan 'e doe noch besteande romaanske foargonger. Mei it ûnstean fan 'e earste westlike traveeën yn 'e twadde boufaze ûntstie in ferbining mei de toer.

Nei de stedsbrân yn 'e Peaskenacht fan 1200, dy't fierder net in soad skea oan 'e nijbou brocht, sette de tredde faze oant it fiifde pylderpear (út it westen wei teld) útein. Ek de boppedielen fan 'e earste traveeën út de eardere boufaze, ynklusyf it trifoarium mei de wide segmintbôgen, waarden no foltôge. Yn 'e jierren 1206-1207 waard it skip foltôge mei de bou fan nochris fiif traveeën.
Pas nei de foltôging fan it skip waard sûnt 1210 boud oan it dwersskip en de krusing en nei 1220 dêrop folgjend it koer. Sûnt 1230 waard der wurke oan 'e opbou fan 'e krusingstoer en de hegere dielen fan 'e westlike gevel. De kapellen oan 'e sydskippen waarden yn 'e jierren 1260 en 1270 tafoege en dêrnei waarden de gevels fan it dwersskip mei it Portail des Libraires (ferneamd nei de boekehandlers dy't dêr harren wurk ferkochten) fan it noardlike dwersskip en it Portail de la Calende (ferneamd nei de liturgyske kalinder dy't dêr hong) fan it súdlike dwersskip yn heechgoatyske styl fernijd. It Portail de la Calende is útwrydsk fersierd mei foarstellings fan 'e lijensskiednis fan Jezus en de kristlike heechfeesten, wylst it Portail des Libraires dekoraasjes sjen lit fan it Skeppingsferhaal, it Jongste Gerjocht en fantasyfigueren lykas in baarch, dy't op de fioele spilet en in man mei in bokkekop mei in klokje.

Oan it begjin fan 'e 14e iuw ûntstie de eastlike, op it koer oanslutende, Marijekapel. De Marijekapel is trije traveeën lang en hat in fiifsidige apsis. It barokke alter fan fergulde hout waard makke troch Jean Racine (1643-1645) en hat in skilderij fan Philippe de Champaigne dat de Oanbidding fan de Hoeders (1629) foarsteld. De ramen fan û.o. it berteferhaal, de kroaning fan Marije en in rige biskoppen binne foar in grut part 14e- en 15e-iuwsk, dy't oarspronklik út de yn 1944 ferneatige Sint-Finsintiustsjerke (Eglise Saint-Vincent) komme en 19e-iuwske ramen ferfongen. Ek is dêr it yndrukwekkende grêfmonumint fan 'e kardinalen fan Amboise.

Sûnt de jierren 1370 waard foar de westlike gevel in skermgevel mei in grut tal bylden boud, dy't yn 1450 foltôge wie. De Tour Saint-Romain waard yn 'e jierren 1460 mei in ferdjipping ferhege en nei 1480 waard der boud oan 'e toer oan 'e súdlike kant fan 'e gevel, de Tour de Beurre. De toer krige dy namme om't de boukosten betelle waarden út in ekstra heffing op bûter yn 'e fêsteltiid. Nei de foltôging fan 'e Tour de Beurre die bliken dat der skea wie oan 'e westlike gevel, sadat yn 'e jierren 1508-1511 in renovaasje fan it sintrale portaal nedich wie. Nei in brân fan 'e krusingstoer yn 1514 waard dy yn 'e jierren 1548-1557 troch in nije en hegere krusingstoer fan 128 meter ferfongen.
De katedraal waard yn 1562 plondere troch de hugenoaten. De ûntbrekkende bylden tsjûgje noch fan dy tiid. De tombes fan 'e hartoch fan Bedford en kardinaal d'Estouteville waarden fernield en de koppen fan 'e gevelbylden fan 'e aartsbiskoppen stikken slein.
Yn 1683 ferneatige in orkaan it roasfinster. Ek trije tuorkes stoarten del troch it ferwulft, wat it oargel ferneatige.
De âlde krusingstoer waard yn 1822 troch de bliksem troffen. De hjoeddeiske 151,5 meter hege krusingstoer datearret út 1884 en waard fan smei-izer makke. Oant de foltôging fan 'e Keulske domtsjerke wie de katedraal it heechste bouwurk fan 'e wrâld. De krusingstoer is in ûntwerp fan de arsjitekt Jean-Antoine Alavoine, dat lang nei syn dea útfierd waard. Sûnt 2018 wurdt de toer restaurearre.
Yn july 2024 ûnstie in grutte brân oan 'e smei-izeren krusingstoer. It slagge de brânwar om it fjoer gau te dwêsten, sadat de skea beheind bleau.[1]
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e wiken foar de ynvaazje fan Normandje fierde de Royal Air Force loftoanfallen út om transportknooppunten te ferneatigjen, sadat it befoarriedzjen fan 'e Wehrmacht hindere waard en der minder Dútsk fermogen wie om wjerstân te bieden.
Yn 'e nacht fan 18 op 19 april foelen de bommesmiters Rouen oan mei as doel it ranzjearstasjon yn Sotteville-lès-Rouen en de tichteby lizzende spoarbrêge oer de Seine te reitsjen. It âlde sintrum fan Rouen waard slim troch de bombardeminten troffen en fiif bommen foelen op 'e katedraal. It skilde net folle of ien fan 'e pylders fan 'e sintrale toer wie rekke; dielen fan it súdlike sydskip en twa roasfinsters waarden fernield.
De loftoanfallen troch de bommewerpers fan 'e Amerikaanske loftmacht feroarsaken brannen yn 'e katedraal. Op 1 juny 1944 baarnde de noardlike toer út.
Brânskildere ramen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It finster fan 'e Sân sliepers fan Efeze yn 'e Petrus- en Pauluskapel waard om 1204 makke troch in ûnbekende glesker en hie yn 1832 noch it âlde plak yn it sydskip. Om 1870 hinne binne de ramen der úthelle fanwegen de minne steat en in kwalitatyf minne restauraasje. Yn 'e rin fan 'e tiid waarden fjouwer dielen ferkocht oan Amerikaanske musea. Yn 'e jierren 1980-1981 waarden de oare acht dielen restaurearre en mei nije dielen oanfolle en op 'e nij ynbrocht yn 'e Petrus- en Pauluskapel. Fiif foarstellings stelle de leginde fan de Sân sliepers fan Efeze foar. De Marijekapel hat noch ramen dy't werom geane op 'e 14e iuw. Ek yn oare dielen fan 'e katedraal is noch âld glêswurk bewarre bleaun.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haadoargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal fan Rouen wie ien fan 'e earste katedralen dy't in oargel hie. It earste ynstrumint datearre noch foar it jier 1380. It stie ynearsten yn it noardlike dwersskip en ferhûze sûnt 1493 nei de westlike galerij. By in stoarm fan 1683 rekke it ynstrumint skansearre en yn 1686 boude de oargelbouwer Robert Clicquot wer in oargel op.
It grutte oargel op 'e westlike kreake ûnder it goatyske roasfinster giet foar in part werom op dat ein 17e-iuwske ynstrumint. De oargelkas waard makke troch Joseph Pilon.

Yn 'e rin fan 'e tiid hawwe ferskillende oargelbouwers it Clicquot-Instrument restaurearre en feroare, mar yn 'e Twadde Wrâldkriich gyng it ynstrumint folslein ferlern.
It hjoeddeiske oargel waard boud troch Jacquot-Lavergne neffens ûntwerpen fan 'e organisten Marcel Dupré en Marcelen en yn 1956 ynwijd. It hat 68 registers op fjouwer manualen en pedaal.
Koeroargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It koeroargel is fan 'e ferneamde oargelbouwer Aristide Cavaillé-Coll en waard oarspronklik boud foar Albert Dupré, de heit fan 'e organist Marcel Dupré. It út 1896 datearjende ynstrumint waard troch Marcel Dupré skonken oan 'e katedraal, dêr't it sûnt as koeroargel tsjinnet. It besit alve registers op twa manualen en pedaal.
Claude Monet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Frânske ympresjonist Claude Monet makke yn 'e jierren 1890 in rige fan hast 30 skilderijen fan 'e katedraal. De katedraal is mei ferskillende ljochtynfloeden skildere en in diel dêrfan is te sjen yn it Musée d'Orsay yn Parys.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|