Springe nei ynhâld

Katedraal fan Évreux

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwe fan Évreux
Notre-Dame d'Évreux
Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plakÉvreux
adresRue Charles Corbeau
koördinaten49°1'N 1°9'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
boujier13e-17e iuw
boustylGotyk
monumintale statushistoarysk monumint
Webside
Bisdom Évreux
Kaart
Katedraal fan Évreux (Frankryk)
Katedraal fan Évreux

De Katedraal fan Évreux of Us-Leaffrouwe fan Évreux (Frânsk: Cathédrale d'Évreux; Notre-Dame d'Évreux) is in oan 'e hillige Jongfaam wijde goatyske katedraal yn 'e Frânske stêd Évreux.

De katedraal waard tusken de 11e en de 17e iuw boud en yn 1862 as histoarysk monumint erkend.

De romaanske bôgen fan it tsjerkeskip.

It skip fan 'e katedraal is foar in part fan 'e eardere romaanske, 10e-iuwske foargonger en hat noch jimmeroan de healrûne arkades út dy tiid. Nei oanlieding fan syn doop yn 911 joech Rollo, de earste hartoch fan Normandje, geskinken oan besteande katedralen en abdijen en yn it ramt dêrfan waard ek de katedraal fan Évreux foar it earst neamd. In part fan it ûnderste diel fan it skip is 11e-iuwsk. It romaanske gebou, noch mar goed tritich jier âld, waard yn 1119 troch brân ferneatige troch troepen fan Hindrik I fan Frankryk om in Normandyske opskuor del te slaan. De nijbou dy't dêr op folge waard by it ynnimmen fan de stêd troch troepen fan Richard Liuwehert yn 1198 ferneatige.

Hjoeddeiske bou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren dêrnei (oant 1204) foel Normandje oan 'e Frânske Kroan. De nijbou fan 'e katedraal sette pas yn 1220 echt útein. Gauthier de Varinfroy waard yn 1253 as arsjitekt oansteld fan 'e katedraal, dy't ek arsjitekt west hie fan 'e katedraal fan Meaux. By de ynhuldiging fan Raoul de Grosparmy as biskop fan Évreux yn 1259 wiene de sydskippen klear en waard fierder oan it koer boud. Tusken it ein fan 'e 13e iuw en it begjin fan 'e 14e iuw waarden tusken de steunbearen de sydkapellen boud, fiif oan eltse kant.

Westlike gevel.

Yn 'e rin fan 'e Hûndertjierrige Kriich (1337–1453) waard de katedraal yn 'e tiid fan it finzen nimmen fan 'e Karel II fan Navarra kening fan Navarra en de konfiskaasje fan 'e besittings fan 'e ealju fan 'e Harcourts en Navarrini yn Normandje troch kening Jan II fan Frankryk op 'e nij troch brân troffen. Yn 1378 liet Karel V fan Frankryk Évreux en mei de katedraal yn 'e brân stekke. Pas yn it jier 1441 waard begûn mei in grutte renovaasje, fierder holpen troch kening Loadewyk XI mei in bedrach út 'e sâltbelesting. Jehan Le Roy hie yn opdracht fan biskop Guillaume de Flocques tusken 1442 en 1445 de lieding op 'e bouwerf.

15e-iuwsk raam mei foarstellings út it libben fan Jezus.

Yn 1482 begûn Jehan Cossart mei de bou fan 'e flamboyante goatyske gevel fan 'e noardlike earm fan it dwersskip. Mei de foltôging oan it begjin fan 'e 16e iuw wie it wurk oan 'e ferheging fan it dwersskip klear. Oan 'e ein fan 'e 16e iuw waard it westlike portaal ûnder it grutte roasfinster boud, dêr't François Galopin let de renêssânsestyl yntrodusearre. Ut dy tiid datearret ek de bekroaning fan 'e noardlike toer. Oan 'e begjin fan 'e 17e iuw wie de katedraal einliks klear.

Yn it ramt fan in plande ôfbraak fan 'e katedraal waarden yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje de dekoraasje fan it timpaan ferwidere en de 56 16e-iuwske bylden fan it noardlike portaal ôfbrutsen om te tsjinjen foar it fundearjen fan in brêge. De katedraal waard yn 'e 19e iuw restaurearre troch de arsjitekt Denis Darcy ûnder lieding fan Viollet-le-Duc.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie de katedraal te lijen fan 'e Dútske bombardeminten op 'e stêd fan 9 juny 1940. De restauraasje duorre oant 1973 en op 'e krusing krige de lantearne de hege spits werom, sa't dy dêr sûnt de midsiuwen stien hie.

Fanwegen it ljochtgiel (jaune d’argent) yn 'e brânskildere ramen en de detaillearre útfiering hearre in tal 14e, 15e en 16e-iuwske glês-yn-leadramen ta de moaisten fan Frankryk. Dêrnjonken binne de koerbanken en de preekstoel fan keunsthistoarysk belang.

It moderne oargel.

De katedraal krige yn 'e jierren 2005-2007 in grut nij oargel fan Pascal Quoirin efter in opfallend futuristysk front. It is in fjouwermanualich oargel mei 53 registers en ferfong in oargel fan 'e Nederlânske oargelbouwer Van Pels út 1949, dat oarspronklik yn 'e Sint-Hippolytustsjerke fan Delft stie en trochferkocht waard oan in tsjerke yn Spanje.[1]

De yn grutte dielen letgoatyske katedraal is fan kalkstien boud. De opbou fan 'e muorren fan it trijeskippige bouwurk mei dwersskip is trijedielich. It trifoarium yn it tsjerkeskip is iepen en hat in rinpaad, yn it koer mei in kapellekrâns hat it trifoarium ramen. De rûnbôgige arkades fan it tsjerkeskip binne letromaansk. De krúsribferwulften binne hast yn 'e hiele tsjerke itselde, mar de pylders fan it koer binne oars as de rest en as bundelpylders útfierd. Eastlik wurdt de katedraal ôfsletten troch in lange minder hege Marijekapel.

Súdlik grinzget oan 'e katedraal it 15e-iuwske biskoplike paleis.

Fan 'e oarspronklik twa ferdjippings tellende kleastergong binne noch twa fleugels mei letgoatysk maaswurk bewarre bleaun.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side