Springe nei ynhâld

Katedraal fan Coutances

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwekatedraal

Cathédrale Notre-Dame

Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plakCoutances
adresRue du Puits Notre Dame
koördinaten49° 2' N 1° 26' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomCoutances en Avranches
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
boujier1210-1274
boustylGotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Bisdom Coutances en Avranches
Kaart
Katedraal fan Coutances (Frankryk)
Katedraal fan Coutances

De Us-Leaffrouwekatedraal fan Coutances (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame) is in histoarysk monumint yn 'e Frânske stêd Coutances. It oan 'e Jongfaam Marije wijde gebou is de sit fan it roomske bisdom Coutances-Avranches. It tsjerkegebou fertsjintwurdiget ien fan 'e moaiste foarbylden fan 'e Normandyske gotyk.

De hjoeddeiske tsjerke giet werom op in 11e-iuwsk romaansk gebou. De romaanske tsjerke waard net ôfbrutsen, mar letter by de 13e-iuwske goatyske nijbou yntegrearre yn in gruttere en hegere katedraal.

De earste katedraal fan Coutances giet werom op 'e 5e iuw en wurdt taskreaun oan Ereptiolus, dy't de earste biskop fan it bisdom wie. Dy katedraal waard by de ynfaazje fan 'e Wytsings yn 'e 9e iuw ferneatige. It duorre in oardel iuw doe't biskop Robert wer in nije katedraal liet bouwe. Der waard mei it skip begûn mar biskop Robert ferstoar al gau en it wurk gyng fierder ûnder syn opfolger Geoffrey de Montbray. Dy biskop hie goede kontakten mei hartoch Willem, dy't de ynwijing fan 'e katedraal yn 1056 bywenne. De biskop beselskippe Willem by syn oermastering fan Ingelân en de katedraal profitearre mei fan 'e ûnbidich grutte opbringt dy't Willem dêr by inoar plondere.

Haadalter.

Nei in grutte stedsbrân waard der yn opdracht fan biskop Hugues de Morville yn 1210 útein set mei de bou fan in nije, goatyske katedraal. Dêrby waard de romaanske foargonger mei behâld fan 'e muorren yntegrearre yn 'e nijbou. De nije katedraal waard yn 1274 foltôge en bleau sûnt hast itselde. De twa geveltuorren binne likernôch 80 meter heech en de achtsidige lantearne (dy't de namme Le Plomp krige) boppe de krusing is 57 meter heech.

Yn 'e godstsjinstkrigen yn 1562 hie de katedraal te lijen, mar de skea waard al gau dêrnei wer ferholpen. It doksaal waard yn 'e 17e iuw ôfbrutsen.

Yn 'e Frânske Revolúsje waard der in soad fernield yn 'e tsjerke, de bylden waarden út 'e nissen helle of mei swurden bewurke, mar de skea bleau oerflakkich. De katedraal waard yn dy tiid brûkt as teäter, pakhûs foar nôt en as Timpel fan 'e Rede, mar ek al gyngen dekoraasjes ferlern, it gebou oerlibbe it anty-klerikale tiidrek.

Yn 1944 waard de stêd Coutances slim bombardearre, mar de katedraal bleau by de bombardeminten op it plak sparre foar grutte skea. Sels it midsiuwske glês mei foarstellings fan 'e hilligen Laudus (Lô) en Markulf (Marcouf) binne bewarre bleaun.

Sûnt 1862 is de katedraal in histoarysk monumint.

Detail raam fan Sint-Marcouf.

Yn 'e Sint-Joazefkapel yn 'e súdlike koeromgong is in fresko út 1381 fan 'e Hillige Trije-ienheid. De Sint-Lauduskapel (ek yn 'e súdlike koeromgong) is ien fan 'e âldste dielen fan 'e katedraal en 13e-iuwsk. It brânskildere raam lit in foarstelling sjen fan Sint-Laudus (Saint Lô), dy't de misse opdraacht, wylst de do (it symboal fan 'e Hillige Geast) boppe it alter ferskynt. Oan 'e noardlike koeromgong leit de kapel fan Sint-Markulfus mei in raam dat foarstellings út it libben fan 'e hillige sjen lit.

Yn 'e Circata-kapel oan 'e eastlike kant fan 'e katedraal stiet it byld fan Us-Leaffrouwe fan Coutances. It waard yn 1944 út de ferneatige Sint-Nikolaastsjerke fan Coutances rêden.

Haadoargel.

Yn it noardlike dwersskip is in 13e-iuwsk raam mei foarstellings út it libben fan Thomas Becket, Sint-Joaris en Sint-Blasius.

De flier fan it noardlike sydskip hat midsiuwske mei it fleur-de lys fersierde tegels, it symboal fan 'e keninklike famylje fan Frankryk. Yn it noardlike sydskip is ek it doopfont.

Al foar it jier 1468 hie de katedraal in oargel. It hjoeddeiske oargel waard yn 'e jierren 1724-1728 troch Deslandes & Rocher oarspronklik foar de abdijtsjerke fan Savigny-le-Vieux boud. De abdij waard yn de Frânske Revolúsje sletten en it oargel krige yn 1812 in plak yn 'e katedraal fan Coutances. It fjouwermanualige ynstrumint hat 51 registers.

It westlike raam giet foar in part skûl efter it oargel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.