Coutances

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Coutances
Cathédrale Notre-Dame de Coutances (1).jpg Us-Leaffrouwekatedraal fan Coutances
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Blason Coutances.svg
Sifers
Ynwennertal 8.454 (2018)
Oerflak 12,51 km²
Befolkingstichtens 676 / km²
Stêdekloft 200.230 (2018)
Hichte 12-150 m
Polityk
Lân Flag of France.svg Frankryk
Regio Flag of Normandie.svg Normandje
Departemint Drapeau non-officiel fr département Manche.svg Manche
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Coutances

Coutances is in gemeente yn it Frânske departemint Manche yn de regio Normandje. De stêd leit op it skiereilân Cotentin op in heuvel, dy't bekroand wurdt mei de Notre-Dame fan Coutances. It is it haadplak fan it arrondissemint Coutances.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As haadstêd fan de keltyske stamme fan de Venelli krige de stêd yn 298 neffens de doetiidske keizer Konstantius Kloarus de namme Constantia. Dat barde twa jier nei't it Romeinske Ryk Brittanje werom ferovere hie. De regio, dy't dêrnei pagus Constantinus neamd waard, it tsjintwurdich it skiereilân Cotentin.

Coutances nei de bombardeminten yn 1944

Wytsings ferneatigen yn 866 it plak en it duorre oant de 11e iuw doe't Geoffroy de Montbray, in striidkammeraat fan Willem de Oermasterer en biskop fan Coutances, de stêd om in nije katedraal wer opboude. Yn 1204 oermastere Filips II Augustus Coutances. De katedraal waard dêrnei yn Frânske styl wer opboud ûnder biskop Hugues de Morville (1208-1238), dy't ek it inisjatyf naam foar de bou fan it hospitaal (Hôtel-dieu).

Yn de tiid fan de godstsjinstkrigen plonderden protestanten de katedraal yn 1562. Hja namen biskop Arthur de Cossé finzen en twongen him om oarsom op in esel mei de sturt yn syn hân troch de stêd te riden. Oant 1569 spriek de biskop fan Coutances rjocht oer de Kanaaleilannen en It Kanaal.

Coutances waard yn 1944 troch alliearde bombardeminten foar in grut part ferneatige. De katedraal waard foar it kriichsgeweld sparre.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2009 2018
Ynwennertal 7806 9061 9869 9930 9715 9522 9390 8454

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Notre-Dame fan Coutances
  • Hôtel de Cussy (tsjintwurdich riedshûs)
  • Jardin des Plantes
  • Église Saint-Nicolas
  • Église Saint-Pierre
  • Resten fan in 13e-iuwsk akwadukt
  • Lycée Charles-François Lebrun
  • Parc L'Évêque, eardere tún fan de biskop mei in iisgrot en in izerhâldende boarne
  • Kastiel Gratot, ruïnekompleks op likernôch fjouwer kilometer noardwestlik fan Coutances

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Museum Musée Quesnel-Morinière

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Alle jierren wurdt it muzykfestival "Jazz sous les pommiers" (Jazz ûnder de appelbeammen) yn Coutances organisearre.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: