Blasius fan Sebaste
Blasius fan Sebaste (berne yn 'e 3e iuw; ferstoarn om 316 hinne) wie de biskop fan Sebaste, de haadstêd fan 'e Romeinske provinsje Lyts-Armeenje (hjoed-de-dei Sivas yn it noardeasten fan Turkije). Blasius ferstoar by ien fan 'e kristenferfolgingen yn it Romeinske Ryk. Yn'e katolike en otterdokse tsjerke wurdt Blasius as hillige fereare. Blasius wurdt yn 'e katolike tsjerke op 3 febrewaris betocht, yn 'e otterdokse tsjerken op 11 febrewaris. Blasius is ien fan 'e Fjirtjin Needhelpers.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn oarspronklik yn it Gryksk optekene hagiografy beskriuwt syn libben en martlerskip. Blasius wie in arts yn Sebaste en om't er altiten mar wer minsken holp, oft se no ryk of earm wiene, en hy him tolerant foar heidenen oer opstelde, waard Blasius ta biskop keazen.
Legindes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer Sint-Blasius is net in soad bekend. De measte ferhalen oer de biskop binne op legindes basearre.
By ien fan 'e ferfolgings fan keizer Lisinius flechte Blasius nei in grot yn 'e bergen, dêr't er mei de wylde bisten libbe. Hy befrijde bisten út fallen en fersoarge harren wûnen. By it sykjen fan bisten foar de spullen yn 'e arena waard Blasius ûntdutsen en finzen nommen. De stêdhâlder besocht mei moaie praatsjes Blasius fan syn leauwe ôf te krijen, mar Blasius wegere dêr op yn te gean en krige op 't lêst in wân bruien mei stokken. Nei de tamtaasje frege de steedhâlder him oft er no tenei syn goaden oanbidde woe. Doe't Blasius andere dat er net benaud wie, dat se mar dwaan moast wat se woene en trou oan syn leauwe bleau, liet de stêdhâlder him yn djip wetter smite. Blasius sloech in krús oer it wetter, dat no lykas stevige grûn waard. Wylst er opstie rôp er syn beulen ta: "As jimme goaden echte goaden binne, dan wol ik wolris sjen hoefolle macht as hja ha. Kom hjir mar hinne op it wetter". 65 manlju besochten no oer it wetter te rinnen dêr't Blasius op stie, mar se ferdronken allegear.
Flak foar syn eksekúsje wie der in frou dy't mei har soan by Blasius kaam om 't har jonge troch in fiskgraat yn 'e kiel drige te smoaren. Blasius bidde dat it bern better wurde mocht en dat itselde barre mocht foar elk, dy't yn syn namme God foar help oanroppe soe. It jonkje waard op dat stuit better.
Blasius waard oan in stik hout ophongen, strûpt mei izeren wolkamen en dêrnei ûnthalze.
In oare leginde fertelt oer in earm wyfke, dy't har baarch kwytrekke om't in wolf him fergrypte oan har bist. Mei help fan Blasius brocht de wolf sels de baarch werom.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blasius is patroanhillige fan dokters, wolkjimmers, blaasmuzikanten, boufakkers, mitserders, stukadoars, skuonmakkers, skroaren, wevers, wolhannelers en bisten. Hy wurdt oanroppen tsjin pine yn 'e kiel, blaaskrupsjes, bloedingen, pine yn 'e mûle, swolms en de pest en foar in goede bycht. Blasius is ek de patroanhillige fan Paraguay en in soad plakken.
Op 'e dei dat Blasius betocht wurdt, is it yn roomske tsjerken tradisjoneel in wenst dat de preester de Blasiusseine jout. De seine wurdt jûn troch twa krúste kearsen ûnder it kin foar de kiel te hâlden en it útsprekken fan 'e wurden: Per intercessionem Santi Blasii liberet te Deus a malo gutteris et a quovis alio malo in nomine Patris et Filii et Spiritus Sancti ('Mei God jo op foarspraak fan 'e hillige Blasius befrije fan kielkrupsjes en oare syktes yn 'e namme fan 'e Heit, de Soan en de Hillige Geast.').
Ferskillende plakken en in grut tal tsjerken en sikehûzen drage syn namme.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hillige wie tige populêr en op in soad plakken binne yn tsjerken dêrom reliken fan Sint-Blasius finen. Sa binne der wol fjouwer plakken dy't sizze dat se de holle fan Sint-Blasius besitte. It Dictionnaire critique des reliques et des images miraculeuses fan Jacques-Albin-Simon Collin de Plancy (1822) skreau dat mei in bytsje ûndersyk Sint-Blasius wol hûndert earms hân hat. De fingers, tosken en fuotten fan 'e reusachtige hillige, sa waard steld, wiene te talryk om te ynventarisearjen. Dat seit ek in soad hoe populêr de hillige wol west hat.
De bekendste relikwy fan Sint-Blasius is faaks de holle dy't yn 'e Kroatyske stêd Dubrovnik bewarre wurdt. Op 3 febrewaris wurdt de relykhâlder mei de holle yn in grutte prosesje meidroegen.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Blasius wurdt yn 'e regel as biskop mei stêf en miter foarsteld. Attributen bine in wolf, in baarch, twa krúste kearsen of in wolkaam mei lange tosken. Faak wurdt er ek ôfbylde mei de jonge dy't er better makke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|