Springe nei ynhâld

Lisinius

Ut Wikipedy
Munt mei de byldnis fan Lisinius

Lisinius, (folút yn it Latyn: Falerius Licinianus Licinius (sa. 263 - maitiid 325) wie keizer fan Rome fan 11 novimber 308 oant 19 septimber 324. Hy regearde oer it eastlike ryksdiel fan it Romeinske ryk en wurdt sjoen as de grutste tsjinstanner fan Konstantyn de Grutte.

Opgong as keizer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lisinius kaam út in laach fan boeren út Daasje. Hy wie kriichsmaat en freon fan keizer Galerius; yn 297 die er mei oan in ekspedysje tsjin de Perzen. Nei de dea fan Severus II, dy't troch Galerius nei it westen stjoerd waard om de opstân fan Maksentius del te slaan, mar dêr sels sneuvele yn de striid, waard Lisinius syn wetlike opfolger op 11 novimber 308. Hy krige de Romeinske provinsjes Traasje, Pannoanje en Illyrikum tawiisd om te bestjoeren.

Oars as fan him ferwachte waard bemuoide Lisinius him net mei Maksentius. Nei de dea fan Galerius yn 311 ferdielden Lisinius en Maksiminus II Daia syn gebieten ûnderling. Maksiminus hie lykwols wrok tsjin Lisinius, omdat dy, in tsjinstelling ta Lisinius, net offisjeel ta keizer beneamd waard. It kaam tusken beide net ta in kriich. De Bosporus fungearre as grins.

Op 28 oktober 312 fersloech Konstantyn de Grutte, dy't tegearre mei Lisinius ta keizer beneamd wie, de usurpator Maksentius. Lisinius boaske mei de suster fan Konstantyn, Konstantia. Sy krige in soan, dy't Falerius Licinianus Licinius neamd waard.

Dizze ûntwikkelings koe de tredde hearsker yn it Romeinske ryk, Maksiminus II Daia, net bekoare. Hy wie lilk op Lisinius, omdat er him ferbûn hie mei Konstantyn en dat sadwaande Maksentius útskeakele wie. Maksiminus stjoerde syn troepen fuortendaliks de Bosporus oer en foel Lisinius oan. Maksiminus naam yn april 313 nei in belegering fan 11 dagen de stêd Byzantium yn, mar koart dêrnei op 30 april waard Maksiminus lykwols troch Lisinius ferslein yn de Slach by Adrianopel. Dêrnei waard Maksiminus noch in kear ferslein, mar diskear foargoed. Net lang dêrnei stjert Maksiminus en einige de striid.

De boargerkriich tusken Lisinius en Konstantyn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't Konstantyn en Lisinius troch famyljebannen mei inoar ferbûn wienen, ûntstienen der lykwols spanningen omdat beide it allinnich foar it sizzen hawwe woenen. De krekte oanlieding is net mear bekend, mar op 8 oktober 314 kaam it ta in oarloch tusken beide keizers. De slach einige yn it foardiel fan Konstantyn, mar it wie in pyrrhusoerwinning. Beide legers wienen ôfmêde troch de striid en der waard in soartemint staak-it-fjurjen sletten.

Yn de jierren fan wapenstilstân (tusken 314-317) bemuoiden de keizers har net mei inoar. Beiden wienen dwaande mei it fieren fan fjildtochten tsjin de Germanen, mar it kin ek west hawwe dat beide dwaande wienen mei it fersterkjen fan it leger om de oare ferslaan te kinnen.

Begjin 317 kaam it wer ta in striid tusken beide legers: yn de Slach by Mardia waard Licinius opnij troch Konstanyn ferslein. Diskear wie de nederlaach folle grutter en moast Lisinius him dellizze by de easken fan Konstantyn. Lisinius mocht keizer bliuwe (mooglik tanksy syn frou), mar moast wol in part fan syn grûnbesit ôfstean oan Konstantyn. En ek wied er twongen om syn meikeizer Falens te eksekutearjen.

In skoft hearske der frede, mar yn 321 bruts der alwer in konflikt út. Diskear wie der ferskil fan opfetting oer it kristlik leauwen en woe Konstantyn in ekspedysje fiere tsjin de Goaten yn Traasje. Lisinius hie in oantal wetten ynfierd dêr't Konstantyn him lilk oer makke. En oarsom wie Lisinius fan betinken dat Konstantyn syn fjildtocht in ynminging wie op syn grûngebiet. De relaasje waard hieltyd minder en fan 324 ôf wie der wer oarloch. Lisinius ferlear hieltyd en waard de dei nei syn lêste nederlaach op 18 septimber twongen ôf te treden. In heal jier letter waard er troch Konstantyn deamakke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]