Sevearus II

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Severus II")
Gean nei: navigaasje, sykje
Munten mei in ôfbylding fan Severus II

Sevearus II, folút, Latyn: Flavius Valerius Severus (? - 16 septimber 307), wie keizer fan it Romeinske ryk yn it tiidrek fan de Tetrargy. Hy regearfe fan augustus of septimber 306 ôf oant begjin 307.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sevearus kaam, krekt as syn goede freon en lettere meikeizer Galerius, út de Romeinske provinsje Illyrikum. Hy wie fan goede komôf en tsjinne as militêr ûnder ferskate keizers. Dat is alles wat wy oer him witte oant syn beneaming as Caesar troch keizer Diokletianus.

Op 1 maaie 305 waard Sevearus beneamd as Caesar fan it westlike part fan it ryk, ûnder keizer Konstantius Klorus. De keizer fan it westen kaam lykwols it jier dêrop al te stjerren, doe't hy yn Brittanje dwaande wie mei de tariedings foar in fjildtocht tsjin de Pikten.

Nei de dea fan Konstantius ûntstiene der problemen doe't it leger yn Brittanje Konstantyn de Grutte, de soan fan de ferstoarne keizer ta opfolger útrôp. Troch Galerius waard Sevearus lykwols as opfolger keazen ynstee fan Konstantyn, dy't as kompensaasje wol de funksje fan Caesar krige.

Yn oktober 306 ûnstiene der op 'e nij problemen as ynienen de usurpator Maksentius, soan fan de eardere keizer Maksimianus, op it toaniel ferskynt. Maksentius besocht Galerius safier te krijen him ek keizer wurde te litten. Mar Galerius wol hjir neat fan witte en stjoert Sevearus mei it leger op him ôf. By Rome waard Maksentius troch it leger fan Sevearus ynsletten, mar dat selde leger liet har ek omkeapje troch Maksentius. Ynstee fan Maksentius moat no Sevearus flechtsje. Sevearus ferskânzet him yn Ravenna, mar wurdt troch in falstrik finzen nommen. Dêrnei waard Sevearus nei Rome brocht en as Galerius yn 307 Itaalje ynfalt om Maksentius te ferdriuwen, stoar Sevearus ûnder fertochte omstannichheden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]