Springe nei ynhâld

Basilique Sainte-Clotilde

Ut Wikipedy


Klotildis-basilyk

Basilique Sainte-Clotilde

Lokaasje
lân Frankryk
plak Parys
adres 23B Rue las Cases
koördinaten 48° 51 N 2° 19' E
Tsjerklike gegevens
aartsbisdom Parys
Arsjitektuer
arsjitekt Franz Christian Gau en Théodore Ballu
boujier 1846-1857
boustyl Neogotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
sainte-clotilde.com
Kaart
Basilique Sainte-Clotilde (Parys)
Basilique Sainte-Clotilde

De Basilique Sainte-Clotilde is in monumintale katolike parochytsjerke yn it 7e arrondissemint fan Parys. De tsjerke waard yn de jierren 1846-1857 boud troch de oarspronklik út Keulen ôfkomstige Franz Christian Gau en nei syn dea Théodore Ballu.

De Sainte Clotilde tusken 1851 en 1870

Yn 1790 waard de augustynske Oarder fan de beroufolle dochters fan Marije Magdalena twongen harren kleaster op te heffen. Foar dy tiid hiene de susters harren kleaster oan it ein fan de Rue de Grenelle-Saint-Germain. De kleasterkapel bleau lykwols bestean en waard tenei troch de parochy as de Église Saint-Valère brûkt. Yn 1817 waard ek de tsjerke ôfbrutsen en de parochy ferhûze nei in provisoarysk ûnderkommen foar salang't der noch gjin nije tsjerke wie. It gemeentebestjoer seach yn 1825 de needsaak om in nije tsjerke foar de parochy te bouwen, mar it duorre noch oant 1827 doe't it beslút dêrta nommen waard. De nije tsjerke soe de namme Église Saint-Charles krije, nei de patroanhillige fan de op dat stuit regearjende kening Karel X.

De útfiering fan de plannen bleaune lykwols lizzen oant 1846. Dat hie te krijen mei de styl fan de te bouwen tsjerke. Dy wie nammentlik ynspirearre op de grutte Rynlânske katedralen fan de 14e iuw. Yn Parys bestie der ynearsten in soad wjerstân om yn it lân dêr't de gotyk útfûn wie in tsjerke lykas in Dútske domtsjerke te bouwen. Underwilens waard besletten om de nije tsjerke net te ferneamen nei Sint-Karel mar nei Sint-Klotildis.

De tsjerke waard boud troch de yn Keulen berne arsjitekt Franz Christian Gau. Nei syn ferstjerren yn 1854 waard er ferfongen troch Théodore Ballu, de arsjitekt fan de Sainte-Trinité. De neogoatyske tsjerke waard yn 1857 foltôge en op 30 novimber fan dat jier wijd troch de aartbiskop fan Parys, François Nicolas Madeleine Morlot.

Yn 1897 waard yn it ramt fan it 14e iuwfeest fan de doop fan Klovis (syn twadde frou wie Klotildis) de tsjerke troch paus Leo XIII de status fan basilica minor ferliend.

De basilyk stie model foar de yn de jierren 1863-1888 troch de arsjitekt Léon Vautrin boude gevel fan de Katedraal fan it Hillich Hert yn Guangzhou yn Sina.

Ynterieur rjochting koer

De neogoatyske basilyk hat in lingte fan 96 meter en in breedte fan 38 meter. De twa tuorren oan wjersiden fan de gevel binne goed 70 meter heech. Yn de Chapelle de la Sainte-Vierge binne skilderijen fan Jules-Eugène Lenepveu te sjen. Der is byldhouwurk fan James Pradier en Francisque Duret (krúswei) en in searje bylden fan Eugène Guillaume, dy't de bekearing fan Valeria fan Limoges foarstelle, har feroardieling ta de ûnthalzing en de ferskining oan Sint-Martial. It gebou wurdt ferljochte mei glês-yn-leadramen; de roasfinsters binne fan Émile Thibaud (1806–1896).

It haadoargel fan de tsjerke waard yn 1859 troch Aristide Cavaillé-Coll boud. Yn 1933 feroare Beuchet-Debierre út Nantes de klank fan it ynstrumint. Deselde oargelboufirma elektrifisearre yn 1962 de traktuer en wreide de klaviatuer fan it oargel út. It oargel krige yn dy tiid in mear neoklassyk klankbyld.

Yn it ramt fan de lêste revyzje troch Bernard Dargassies (2004) waarden û.o. in chamaderegister ynboud en in mobile elektryske spyltafel tafoege.

Op it oargel hawwe in grut tal Frânske komponisten spile: César Franck (1859–1890), Gabriel Pierné (1890–1898), Charles Tournemire (1898–1939), Flor Peeters (1939–1942), Joseph-Ermend Bonnal (1942–1944), Jean Langlais (1945–1987).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsk- en Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Basilique Sainte-Clotilde de Paris en de:Ste-Clotilde (Paris)