La Madeleine

Ut Wikipedy
Marije-Magdalenatsjerke

La Madeleine

Lokaasje
lân Frankryk
regio Île-de-France
plak Parys
adres Place de la Madeleine
koördinaten 48° 52 N 2° 19' E
Tsjerklike gegevens
aartsbisdom Parys
patroanhillige Marije Magdalena
Arsjitektuer
arsjitekt Pierre-Alexandre Vignon
boujier 1807-1842
boustyl Neoklassisisme
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
La Madeleine (Parys)
La Madeleine

La Madeleine is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn it sintrum fan de Frânske haadstêd Parys. De neoklassisistyske tsjerke waard wijd oan Marije Magdalena en giet werom op de 19e iuw.

De Madeleine is in parochytsjerke fan it aartsbisdom Parys. Alle dagen wurde der missen fierd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It net útfierde oarspronklike plan fan de tsjerke

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch ûnder kening Loadewyk XV waard yn 1763 mei de bou fan de earste Madeleinetsjerke útein set. It ûntwerp wie ôfkomstich fan de arsjitekt Pierre Contant d'Ivry. Mei de portikus en in grutte koepel moast de op Les Invalides ynspirearre let-barokke tsjerke in monumintale ôfsluting wurde fan it tagelyk oanleine Place Louis XV, it tsjintwurdige Place de la Concorde. De bou gyng lykwols tige stadich en al nei in jier hold de bou oan it earste ûntwerp op. Yn 1777 ferstoar Contant d'Ivry. Hy waard ferfongen troch syn learling Guillaume-Martin Couture, dy't it beslút naam hielendal op 'e nij te begjinnen en de tsjerke te bouwen as it Romeinske Pantheon.

Revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou einige ynearsten mei it útbrekken fan de revolúsje. Yn dy tiid stienen allinne dielen fan de bûtenmuorren en de pylders fan de portikus oan de súdlike kant.

Nei de eksekúsje fan Loadewyk XVI waard syn lichem fuortendaliks oerbrocht nei de âlde Madeleine (ôfbrutsen yn 1799) om't neffens de jildende wetjouwing it ferbea wie om him te begraven njonken syn heit, de dauphin Loadewyk fan Frankryk, yn Sens. Twa pastoars dy't trou sward hiene oan de revolúsje holden in koarte betinking yn de tsjerke. Op 21 jannewaris 1815 krige de lêste kening fan it ancien regime in nije begraffenis yn de Saint-Denis, dêr't syn broer, kening XVIII in grêfmonumint foar de âld-kening en âld-keninginne liet oprjochtsje.

Yn de tiid fan de revolúsje waard der oer nei toch wat de nije bestimming fan it gebou wurde moast. Der waarden ferskate plannen ûntwikkele om it gebou te foltôgjen, mar dan as bank, beurs, téater of stasjon of oars. Dêr kaam lykwols neat fan telâne. Op 2 desimber 1806 naam Napoleon I it beslút om mei gebrûk fan de al steande pylders wer op 'e nij te begjinnen en it gebou as in Temple à la Gloire de la Grande Armée ta oantinken fan de soldaten op te rjochtsjen. It neoklassisistyske ûntwerp fan de arsjitekt Pierre-Alexandre Vignon (1763–1823) foar dy earehal krige mei de 52 korintyske pylders it oansjen fan in grykske of romeinske timpel (lykas it Maison Carrée yn Nîmes). Mei it foltôgjen fan de Arc de Triomphe du Carrousel yn 1808 rekke it doel fan in betinkingsplak foar it leger wer op de achtergrûn.

Ynterieur

Restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de katolike restauraasje joech kening Loadewyk XVIII opdracht it gebou de funksje fan tsjerke werom te jaan en te wijen oan Marije Madalena. De wurksumheden waarden nei de dea fan Vignon yn 1828 troch de arsjitekt Jean-Jacques-Marie Huvé (1783–1852) fuortset. Yn 1837 waard noch efkes útsteld om fan it gebou mar in stasjon te meitjen, mar it gebou waard lang om let dochs yn 1842 as tsjerke ôfboud. Op 9 Oktober 1845 waard it gebou as parochytsjerke ynwijd.

Yn de tsjerke fûnen de routsjinsten foar û.o. Frédéric Chopin († 1849), Jacques Offenbach († 1880), Charles Gounod († 1893), Camille Saint-Saëns († 1921), Gabriel Fauré († 1924), Coco Chanel († 1971), Josephine Baker († 1975), Marlene Dietrich († 1992), Charles Trenet († 2001) en Johnny Hallyday († 2017) plak.

Haadalter

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Madeleine is yn neoklassisistyske styl boud. De folle lytsere Maison Carrée yn Nîmes, ien fan de bêst bewarre bouwurk fan alle romeinske timpels, levere de ynspiraasje foar de Madeleine. De twaenfyftich korintyske pylders, elts 20 meter heech, rinne om it hiele gebou hinne. It reliëf fan it Lêste Oardiel boppe de tagong is makke troch Philippe Joseph Henri Lemaire. De brûnzen doarren binne fersierd mei reliëfs fan de Tsien Geboaden. De tsjerke is 108 meter lang en 43 meter breed.

Yn de tsjerke hat it gebou ien skip en trije koepels yn de brede fergulde traveeën. Boppe it haadalter stiet in byld fan de hillige Marije Magdalena, dy't optild wurdt fan ingels. De heale koepel boppe it alter toant in fresko fan Jules-Claude Ziegler. It fresko, dat de titel "De Skiednis fan it Kristendom" draacht, lit kaaifigueren fan de kristlike religy sjen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de tsjerke stamt fan Aristide Cavaillé-Coll en waard yn 1846 foltôge. It front is yn de styl fan de Italjaanske renêssânse foarmjûn. Nei ferskate ferbouwings hat it ynstrumint sûnt 2003 58 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:La Madeleine, Paris


Commons Commons: La Madeleine – foto, fideo en harktriemmen