Loadewyk XV fan Frankryk

Ut Wikipedy
Loadewyk XV

Loadewyk XV (Versailles, 15 febrewaris 1710 - dêr, 10 maaie 1774), wie kening fan Frankryk fan 1715 oant 1774. Hy waard op fiif jierrige leeftyd kening en stie oant 1723 ûnder it bewâld fan reginten, û.o. fan Filips, hartoch fan Orléans, de prins fan Condé (1723-1726) en de kardinaal De Fleury (1723-1726).

By de dea fan syn oerpake Loadewyk XIV yn 1710 wie Loadewyk XV de ienige noch libjende witlike erfgenamt. Hy waard yn it begjin fan syn regear noch "Leafste" neamd, mar soe letter hieltyd minder populêr wurde. Troch syn gebrek oan beslútfeardigens, syn minne moraal en fral omdat hy der net yn slagge de Frânske monarchy te modernisearen jildt er as ien fan de minst populêre keningen fan Frankryk.

Nei de dea fan kardinaal Fleury yn 1743 fette Loadeyk it plan op om sels te regearen, mar lit dat feitlik oer oan syn matressen, benammen troch de markysin de Pompadour (oant 1764) en de grevinne Du Barry (oant 1774). Wylst De Fleury yn de Poalske- en de Eastenrykske Suksesjeoarloch deryn slagge it Frânske prestiizje te hanthavenjen, moast Frânkryk nei de Sânjierrige Kriich (1756-1763) sawol har wichtichste koloanjes yn de Nije Wrâld, Kanada en Louisiana en har oerhearskjende posysje yn Foar-Ynje priisjaan. Dêr tsjinoer stie de gebietsútwreiding fan Frankryk mei Lotaringen (1766) en Korsika (1768).

Doe't Loadewyk yn 1774 ferstoar wie de Frânske monargy op in djiptepunt telâne mei in protte politike, finansjele en morele problemen. Syn pakesizzer Loadewyk Auguste soe him as nije kening ûnder de namme Loadewyk XVI opfolge.