Marlene Dietrich

Marie Magdalene (Marlene) Dietrich (Berlyn, 27 desimber 1901 - Parys, 6 maaie 1992) wie in Dútsk-Amerikaansk aktrise en sjongster.
Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme "Marlene" hat hja as bern gearstald út har beide foarnammen. Letter soe hja dy namme as pseudonym brûke dêr't de hiele wrâld har mei oansprekke soe. Grutte bekendens krige sy mei de rol fan revuesjongster yn de film Der blaue Engel, fral mei it liet Ich bin von Kopf bis Fuß auf Liebe eingestellt (1929). Yn de Twadde Wrâldkriich wurdt se noch ferneamder mei it liet Lili Marleen, skreaun yn 1915 en oan wjerskanten fan it front likefolle wurdearre (al wie it yn ferskillende talen).
Yn 1930 ferhûzet Marlene Dietrich nei de Feriene Steaten. Dêr wurket sy mei de Eastenrykske regisseur Josef von Sternberg. Se wurdt troch Hitler frege werom te kommen, mar sy wegeret. Hitler sjocht har as it toanbyld fan de Dútske frou. Dietrich hie in ôfgriis fan alles dêr't Hitler foar stie. Yn de oarloch sjongt sy foar de Alliearde soldaten oan it front.
Dietrich traad yn 1960 noch ienkear op yn Berlyn, mar wurde útgeid en as ferriedster beskôge. Sy is nea werom west.
Dietrich wie in symboal fan glamour en ferliedlikens en hie in androgyne skouwing. Se kaam der iepenlik foar út dat se biseksueel wie: "Ein bisschen bi schadet nie". Ta har freonen hearden Mae West, skriuwer Ernest Hemingway, Noël Coward en Hildegard Knef. Hja hat relaasjes hân mei John F. Kennedy, Mercedes D'Acosta, Jean Gabin en Claudette Colbert.
Doe't har filmkarriêre yn de nederklits rekke begûn hja har mear ta te lizzen op it sjongen, en mei súkses. Mei Marlene sels giet it dan al minder: hja rekket oan de drank en slieppillen en hat it hieltyd dreger mei it ferbergjen fan har wiere âldens. Op toernee yn Austraalje yn 1975 brekt sy in skonk; neitiid hat hja har nea wer yn 't iepenbier sjen litten.
Op 6 maaie 1992 stjert se, nei't sy 15 jier as in kluzener, yn har appartemint yn Parys, libbe hie. As teken fan fermoedsoening wurdt hja yn Berlyn te hôf brocht.
Bekende lietsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Ich bin von Kopf bis Fuß auf Liebe eingestellt
- Lola Lola
- Mein Blondes Baby
- Johnny
- In den Kasernen
- Boys in the Backroom
- Lili Marlene
- Sag mir wo die Blumen sind (Ing. vert.: Where have all the flowers gone) ('Siz my wêr't al de blommen bleaun binne')
Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- So sind die Männer (1922)
- Tragödie der Liebe (1922)
- Der kleine Napoleon (1923)
- Der Mensch am Wege (1923)
- Der Sprung ins Leben (1924)
- Manon Lescaut (1926)
- Eine Dubarry von heute (1926)
- Kopf hoch, Charly! (1926)
- Madame wünscht keine Kinder (1926)
- Der Juxbaron (1926)
- Sein grosster Bluff (1927)
- Café Elektric (1927)
- Prinzessin Olala (1928)
- Gefahren der Brautzeit (1928-1929)
- Ich küsse Ihr hand, Madame (1929)
- Die Frau, nach der Mann sich sehnt (1929)
- Das Schiff der verlorenen Menschen (1929)
- Der blaue Engel (1929-1930)
- Morocco (1930)
- Dishonored (1930)
- Shanghai Express (1931)
- Blonde Venus (1932)
- Song of Songs (1933)
- The Scarlett Empress (1934)
- The Devil is a Woman (1935)
- The Fashion Side of Hollywood (1935) (dokumintêre)
- Desire (1936)
- The Garden of Allah (1936)
- Knight Without Armour (1936)
- Angel (1937)
- Destry Rides Again (1939)
- Seven Sinners (1940)
- The Flame of New Orleans (1941)
- Manpower (1941)
- The Lady is Willing (1941)
- The Spoilers (1942)
- Pittsburg' (1942)
- Kismet (1943-1944)
- Follow the Boys (1944)
- Martin Roumagnac (1946)
- Golden Earrings (1946)
- A Foreign Affair (1949)
- Jigshaw (1949) (cameo)
- Stage Fright (1950)
- No Highway in the Sky (1951)
- Rancho Notorious (1951)
- Around the World in 80 Days (1956) (cameo)
- The Monte Carlo Story (1957)
- Witness for the Prosecution (1957)
- Touch of Evil (1958)
- Judgment at Nuremberg (1961)
- The black fox: the true story of Adolf Hitler (1962) (dokumintêre)
- Paris - When It Sizzles (1963) (cameo)
- I wish you love / An Evening with Marlene Dietrich (1972) (konsert)
- Schoner Gigolo, Armer Gigolo / Just A Gigolo (1978)
- Marlene (1983) (dokumintêre)
Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- ABC meines Lebens. Blanvalet, Berlin 1963
- Nehmt nur mein Leben. Bertelsmann-Verlag 1979
- Ich bin, Gott sei Dank, Berlinerin. Ullstein, Berlin 1998; Ullstein-TB, ISBN 3-548-24537-4
- Nehmt nur mein Leben … - Reflexionen. Henschel, Berlin 1984
- Some Facts about myself. Edition Cantz, Stuttgart 1991, ISBN 3-89322-226-X
- Nachtgedanken. C. Bertelsmann Verlag, München 2005, ISBN 3-570-00874-6
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Dútsk sjonger
- Dútsk toanielakteur
- Dútsk harkspulakteur
- Dútsk telefyzje-akteur
- Dútsk stomme-filmakteur
- Dútsk filmakteur
- Dútsk autobiograaf
- Dútsk polityk aktivist
- Dissidint yn nazy-Dútslân
- Dútsk balling
- Dútsk ateïst
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk harkspulakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk stomme-filmakteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk polityk aktivist
- Amerikaansk ateïst
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1901
- Persoan stoarn yn 1992