Springe nei ynhâld

Bearzerûch

Ut Wikipedy
Bearzerûch

Bearzerûch (Nymphoides peltata) ek Bearzekrûd, bearskekrûd, bearzeflaaks, bearzeflaach of bearzewier, is in plant út it skaai fan it skaai Bearzerûchplanten Menyanthaceae. De plant komt fan natuere foar yn Noardwest-Europa. It is in fêste wetterplant. De plant groeit yn 25-80 sm djip wetter.

Bearzerûch liket op in swanneblom, mar der binne in pear dúdlike ferskillen. De blêdfoarm, ynsnien hertfoarmich, liket der it measte op, mar is by bearzerûch folle lytser as by in swanneblom. Ek is de ûnderside faak read oanrûn. De plant heart ta deselde famylje as it trijeblêd (koartsblêd of wetterklaver) Menyanthes trifoliata. De ûnderdûkte blêden binne mear spatelfoarmich. De ûnderwetterdielen fan de plant hawwe op 'pûkels' lykjende groepen sellen, dy’t fiedsel út it wetter opnimme.

De giele (soms wite) blommen hawwe kerve kroanblêden en wike dêrtroch sterk ôf fan in swanneblom. De blommen steane op in 5-10 sm heech stâlstsje boppe it wetter, faak yn lytse groepkes. De bloeitiid rint fan july oant augustus, soms oant de earste helte fan septimber.

De blommen binne iendeisblommen: nei in dei lûkt de plant de blommen wer ûnder wetter en stjoert nije knoppen nei boppe it oerflak. Dêrtroch bliuwt de plant frij lang bloeien.

De fersprieding bart alderearst troch de woartelstokken. De tinne woartels krûpe oant 80 sm djip oer de boaiem. De jonge plantsjes dy’t dêroan ûntstean, litte los en driuwe nei it oerflak fan it wetter.

Yn de midden fan Nederlân en ek yn stikken fan België komt de plant geregeldwei foar. It soarte ûntbrekt yn de provinsje Seelân en op de Waadeilannen. Dêr’t de plant foarkomt, wreidet er him gauris sterk út. In Europa komt er ferspraat oer in frij grut gebiet foar: Frankryk, Súd- en Midden-Ingelân, fia België en Nederlân, Dútslân en Poalen oant Noard- en Midden-Ruslân. De súdgrins leit yn Europa by de Alpen, de noardgrins by de Eastsee, al komt se yn Súd-Sweden advintyf wol foar. Yn Aazje komt se foar oant yn Sjina en Japan.

Ekologyske aspekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leeljetuorren kinne in soad skea oanrjochtsje, hjirneist is de plant fiedsel foar ferskate soarten slakken, dy’t graach de jonge dielen fan de plant oanfrette.

De bearzerûch is in dekorative plant yn middelgrutte tún-en parkfivers. Foar lytse fivers is de plant net sa geskikt, meidat de plant woekeret en yn in lytse romte oare planten ferkringje kin. In fiverkoer kin dat foar in part opkeare, meidat de plant min oer froast kin. Helje de fiverkoer winterdeis binnen, de woartels stjerre oars yn in ûndjippe fiver by strange froast ôf.

Yn grutte fivers mei in dikke modderlaach leit de plant it faak ôf tsjin de giele plomp. Nei in goede skjinmakbeurt fan de boaiem komt it bearzerûch faak wer as earste werom, meidat de woartels sa yn de boaiem ferspraat binne.

blom bearzekrûd blom blom
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Bearzerûch


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: