Oerlis:Strjitten yn Snits
Appearance
Oardering
[boarne bewurkje]Ik haw besocht ien oarder te meitsjen, mar guon saken wienen op mear as ien wize tapast. In pear haw ik in fêste regel foar naam, mar it hoecht net in goede regel te wêzen. Oare wist ik net fan wat der mei moast:
- Wat moatte wy mei spaasjes? Earst "Ald Lân" of earst "Alddiel"?
- Moat "De Eker" ûnder D, ûnder E, of beide? Ek sa foar "It" en "'t".
- Moat by in persoansnamme rekken hâlden wurde mei de foarnamme?
- Moat by in namme rekken hâlden wurde mei ferhâldingswurden, benammen "fan", mar ek yn oare talen, lykas "van", "de", "of", ensafh.
- At de Fryske oersetting fan in strjitnamme net min ofte mear op itselde plak komt, moat dan it orzjineel opnommen wurde, de oersetting, beide, it ferneamde yn it Hollânsk mar "strjitte" (ensafh.) yn it Frysk, noch oars?
- Wat dogge wy mei Dr. en St.?