Sâltpoel

Ut Wikipedy

De Sâltpoel is in mar op de grins fan de gemeente De Fryske Marren. De mar leit besuden Terherne by de brêge Hearrensyl, dy't ferbining jout mei de Terkaplester Puollen. Troch it Hearregat komt men op de Snitser Mar. De namme Sâltpoel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zoutepoel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn eardere tiden wie de Sâltpoel in poel dat net yn iepen ferbining stie mei de Middelsee. Troch it stigen fan de seespegel oerstreamde de Middelsee geregeld. It wetter krong fanút it waad fier Fryslân yn en it brak wetter blieu yn de Sâltpoel stean, dêr't it ferfolgens foar in part ferdampte wertroch't de poel hieltyd sâlter waard. Fanôf de 12e en 13e ieu waarden leechfeanôfgravings dien yn dy omkriten dy't de poel grutter makken. Op kaarten út de 16e en 17e iuw wurdt de poel al oanjûn. Net yn de hjoeddeiske foarm, mar wol oanwêzich. Hjir waard fean groeven dêr't sâlt út wûn waard. De feangrûn wie frijwat sâlt troch de eardere oerstreamings. It fean waard ôfgroeven, drûge en ferbaarnd, wêrnei't de sâlte jiske mei skippen ferfierd waard nei in plak dêr't it fierder ferwurke waard.

Wrotmûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Sâltpoel stiet oan de Kleasterwei in pankoekpaviljoen. Der hat in soad ferset west doe't dat restaurant der komme soe. Natoerleafhawwers mienden yn 2003 dat de seldsume Noardske wrotmûs (M. oeconomus) yn it gebiet foarkaam. Alhoewol't it bist net wer oantroffen waard krige it paviljoen dochs de namme "De Wrotmûs". De Sâltpoel wurdt yn it ramt fan it Kameleondoarp Terherne ek wol oantsjutten mei de "Mar fan Lenten".
De folksnamme 'Pankoekhaven', in ynholte fan de Sâltpoel, is ûntstien yn de perioade 1700-1800, doe't der in iepen trochgong wie tusken de Terkaplester Puollen en de Sâltpoel. At de wyn út it westen kaam, en de mar te rûch wie om oer te stekken, bleau men faak yn de ynholte lizzen. 'Mem de frou' hie it dan oan tiid om pankoeken te bakken foar it middeisiten.

Adam en Eva en it Lusiferbosk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Sâltpoel lizze twa lytse eilânnen met de namme Adam en Eva. It binne fermoedlik oerbliuwsels út de tiid fan de feanôfgravings. It mei beammen begroeide eilân is Adam, it oare Eva. Mear resinter is it Lusiferbosk. It bosk waard foar de twadde wrâldoarloch oanlein om foar houtkap te tsjinjen. Lykwols is it dêr neat fan kaam, de ôffier fan it hout soe te folle jild kostje. Dêrom is it bosk stean bleaun en foarmet tjintwuridch in markant herkenningspunt fanút it doarp Terherne.