Springe nei ynhâld

Lytse Tsjerke (Snits)

Ut Wikipedy
Broeretsjerke

De Lytse Tsjerke, ek wol: Broeretsjerke, wie in tsjerkegebou en letter finzenis yn de binnenstêd fan Snits.

De tsjerke stie oan de Lytse Tsjerkestrjitte (foarhinne Hofstrjitte, ferneamd nei de tsjerke en tsjerkhôf) en de Kruzebruorrestrjitte en is al foar de 14e iuw stifte. De tsjerke stie tusken de hjoeddeiske stedsfinzenis en it eardere telefoangebou. Oan de eastside fan de strjitte is noch altiten in gat yn de bebouwing te sjen, op it steed dêr't de tsjerke foar in part stie. It westlike diel fan de tsjerke stuts út oer de strjitte, it eastlike diel waard ôfskieden middels in poarte. By riolearingswurk yn 1950 binne tsientallen deakisten fan it byhearrende tsjerkhôf fûn.

It tsjerkegebou waard yn 1578 as kleasterkapel yn gebrûk nomd en wie ûnderdiel fan it Krúsbruorre-kleaster (Nederlânsk herfoarme Tsjerke). Yn 1766 is it gebou folslein werboud. Nei de komst fan it Kantongerjocht fan Snits, yn de Frânske oerhearsking, is it gebou yn gebrûk rekke as finzenis.

It kleaster waard sluten op lêst fan de Steaten fan Fryslân en de tsjerke is yn 1845 sloopt, tsien jier letter folgen de kleastergebouwen.

Yn Boalsert stiet ek in Broeretsjerke. De "grutte tsjerke" fan Snits is de Grutte of Martinytsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: