Springe nei ynhâld

Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ernst Casimir)
Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz

Ernst Kasimir (Dillenburch, 22 desimber 1573Roermond, 2 juny 1632) fan 1606 oant 1632 greve fan Nassau-Dietz, fan 1620 oant 1632 steedhâlder fan Fryslân en fan 1625 oant 1632 steedhâlder fan Grinslân en Drinte.

Ernst Kasimir wie in soan fan Jan fan Nassau, de broer fan Willem fan Oranje en Elisabeth fan Leuchtenberg. As greve folge hy syn heit op, as steedhâlder fan Fryslân syn âldere broer Willem Loadewyk.

Ernst Kasimir wie benammen bekind as in treflik militêr lieder. Hy oermastere in oantal stêden, û.o. Stienwyk en Oldenzaal op de Spanjerts. Troch de bewenners fan Fryslân waard hy tige wurdearre, alhoewol't hy net folle yn Fryslân oanwêzich wie. As tank foar syn militêre súksessen krige hy fan de Friezen de tasizzing dat syn soan him nei syn dea opfolgje mocht.

Yn juny 1632 kaam Ernst Kasimir te ferstjerren doe't hy by in ynspeksje fan rinfuorgen by it Belis fan Roermond troch in kûgel troffen waard. Hy waard opfolge troch syn soan Hindrik Kasimir I.

Ernst Kasimir troude yn 1597 mei de op dat stuit 14-jierrige Sofia Hedwich fan Brunswyk-Wolfenbüttel, de dochter fan greve Hindrik Julius fan Brunswyk-Lüneburg. Sy krige njoggen bern, dêr't mar twa fan folwoeksen wurde soenen.

  • Spanninga, Hotso; (2012) Gulden Vrijheid?: Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640, Verloren, Hilversum, 464 s.