Fluithûs (Snits)

Ut Wikipedy
Fluithûs

It Fluithûs is in wen- en wurkhûs op de hoeke fan it Grutsân en Heechein yn de binnenstêd fan de stad Snits.

It gebou is fan 1968 ôf in ryksmonumint en tanket syn namme oan de wat op in blokfluit lykjende fersiersels boppe de finsters boarne. It gebou is yn of omtrint 1650 boud as keapmanswenning, bysûnder is ek de yngong fan de kelder oan de sydkant fan it gebou (in saneamd pothûs). De gevel bestiet út in beplastere trepgevel mei bôgeblokken.

Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt as bakkerij.