Springe nei ynhâld

Keninklike Wettersportferiening Snits

Ut Wikipedy
KWS

De Keninklike Wettersportferiening Snits (ôfkoarte: KWS) is in sportferiening út Snits, in fúzje fan de Koninklijke Zeil Vereniging Sneek (KZVS) en de Sneeker Zeil Club (SZC). De feriening is benammen bekend fan de organisaasje fan de Snitswike.

De KWS is oprjochte op 1 juny 1851 as Zeil Vereniging Sneek. It clubgebou fan de KWS stie yn de begjinjierren op de Roekepôle, it startskip fan de KWS is hjirnei ferneamd. Yn de perioade 1914-1918 wie de ferhuzing fan de Roekepôle nei it Kolmarslân.

De KWS krige yn 1925 it predikaat Keninklik. Keninginne Beatrix hat it predikaat yn 2010 mei 25 jier ferlinge.

It clubgebou fan de KWS is De Kajuit yn De Domp. Op 18 april 2009 hat de KWS it Kylboat Trainingssintrum Snits yn gebrûk nomd. It clubblêd fan de KWS hjit it KWS Journaal, dat sawat om de twa moanne ferskynt.

De flagge fan de KWS bestiet út fjouwer likense flakken, rjochtsboppe giel, linksboppe swart, rjochtsûnder swart en linksûnder giel. Hjirop stiet in blau krús mei yn de midden in kroane wapenskyld mei in ôfbyld fan in sylskip.

Earefoarsitters
E.K. Hoekstra
U. de Bruin
E.R. Koudenburg
H. Snoekc
Eareleden
Mr. J. Brouwer
S. Jorna
R. Alberda-Zondervan
Mr. R. Mulder

De Snitswike is it grutste evenemint op binnenwetter yn Europa. De KWS is de organisator fan de snitswike, dy't sûnt 1935 hâlden wurdt. De Snitswike begjint op de freed foar de easrte sneon yn augustus en duorret oant en mei de tongersdei dêrnei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: