Springe nei ynhâld

Kolmarslân

Ut Wikipedy
Kolmarslân yn de Snitswike fan 2009
"By de start, Snitsermar" - Karel van Seben (1925)

It Kolmarslân, yn de folksmûle: Starteilân, foarhinne: De Sweagen, is in eilân yn de Snitser Mar.

It eilân rêst op in twa meter dikke feanlaach, dy't sels wer op in diluviale sânbank rêst. Oan de oerflakte is it fean ôftichte mei in 30 sm dikke seeklaailaach. Neist it Kolmarslân leit it Skareilân. Oer it ûntstean fan it Kolmarseilân ûntstiet wat ûndúdlikheid.

De werkomst fan de namme Kolmarseilân it te ferklearjen nei de Kolmar, dat foar it ûntstean fan de hjoeddeiske Snitser Mar op dizze lokaasje lei. Yn de folksmûle waard it eilân sûnt medio 1900 De Sweagen neamd, in stik mei greidlân dus. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch neamt de lokale befolking it eilân it Starteilân.

De namme Starteilân ferwiist nei de funksje fan it eilân foar de wettersportferiening Keninklike Wettersportferiening Snits, dy't it eilân sûnt 1919 brûkt as kontrolesintrum by sylwedstriden op de Snitser Mar. It Kolmarslân in benammen bekend troch de sylwedstriden yn de Snitswike en it Skûtsjesilen.

It eilân hat yn de rin fan de jierren meardere gedaanteferwikselingen ûndergien. Begjin foarrige iuw waard der in gebou foar hoareka op it eilân boud, dat stiet der noch altiten en hjit sûnt 1970 It Foarûnder. Neist dizze horekagelegenheid binne op it eilân ek jachthavens en sanitêre foarsjennings foar besikers. Der is ek in kampearterrein en in snackbar.

De starttoer is it meast markante gebou en hat in lange skiednis. Yn de begjinjierren wie dizze toer in houten ferheging mei seinflaggen (it roekenêst), foar de oarloch is hjir in stiennen gebou en toer foar yn it plak komd. Tsjintwurdich is it gebou in modern wedstrydsintrum mei alle byhearrende elektroanika en romten. De starttoer sa't dy no op it eilân stiet is ûntstien nei in ferbouwing yn 1978. De Gemeente Snits hat yn 2010 it eilân in opknapbeurt jûn, ûnder mear de jachthaven is fergrutte en de oare foarsjennings binne modernisearre en útwreide.

Keninklik Besyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hare Majesteit Keninginne Beatrix brocht op 4 augustus 2010, by gelegenheid fan de 75e Snitswike, in besite oan it eilân. Hja sels oan het roer fan de Groene Draeck dy't har derhinne brocht.

It Kolmarslân is alle dagen fan de fêste wâl ôf te berikken mei in feartsjinst dy't, yn de simermoannen, ôf en oan fart fan de Paviljoenwei ôf. Yn de Snitswike fart de Poieszboat nei it eilân en stoppet de Snitsermarbus by de ôffarplakken fan de feartsjinsten.