Springe nei ynhâld

Snitsermarbus

Ut Wikipedy
Halte fan de Snitser Marbus oan de Prins Hendrikkaai yn de Snitswike 2011.

De Snitsermarbus is in spesjale busline 38 fan ferfiersbedriuw Connexxion yn de Snitswike.

De Snitser Marbus is al jierren in begryp yn de Snitswike. Faak is de busline sponsore troch by de Snitswike belutsen bedriuwen. Neist de busline is der yn de Snitswike ek in tydlike ekstra feartsjinst, de Poieszboat. Eartiids waard de busline eksploitearre troch NoordNed. Op it trajekt wurdt riden mei VDL Berkhof Ambassador-bussen.

By it jierlikse evenemint rydt dizze spesjale line tusken Busstasjon Snits en de pont rjochting Kolmarslân. Dêrfoar wurde tydlike haltes setten op de Middelseeleane (supermerken), De Domp 1 (jachthavens), De Potten (Snitswikecamping, rekreaasjeterrein) en de Paviljoenwei (Poieszboat). Op it earste gedielte fan de line wurdt gebrûk makke fan al besteande haltes, te witten Prins Hendrikkaai (feestpoadia) en Boeierstrjitte (feartsjinst en jachthavens). De Snitser Marbus rydt fan sirka 9 oere moarns oant sawat 4 oere de oare moarns.

Op dizze busline binne de OV-chipkaart en oare standert ferfierbewizen net te brûken. Wol binne yn de foarferkeap 10-rittekaarten te krijen by de Snitswikecamping.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: