Springe nei ynhâld

Busstasjon Snits

Ut Wikipedy
Logo Connexxion
It stasjon yn 2012

It Busstasjon Snits is it sintrale busstasjon fan Snits en stiet oan Kanaalstrjitte fuort neist treinstasjon Snits.

It hjoeddeiske busstasjon, type perronbusstasjon, is yn 1984 iepene op in lokaasje dêr't al foar 1938 bussen stald waarden.

It stasjon hat 8 haltes dêr't ferskate streek-, steds- en belbussen halt hâlde. It stasjon hat in remize (inkele hûnderten meters fierderop), in oerdekte wachtromte, in blommestâl, iepenbier toilet, busparkearterrein en in dynamysk ynformaasjepaniel.

Alle ûndersteande konsesjes binne gund oan Connexxion.

Konsesesje Noard- en Súdwest-Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Line Tsjinstregeling
33 Snits - Winsum - Frjentsjer
42 Snits - Spannenburch - De Lemmer (- Emmeloard)
45 Snits - Balk - Himmelum
46 Snits - Aldegea - Snits
47 Snits - Balk - Riis - Himmelum
93 Snits - Mantgum - Ljouwert
94 Snits - Reduzum - Ljouwert
98 It Hearrenfean - Snits - Makkum
99 It Hearrenfean - Snits - Harns
198 It Hearrenfean - Snits - Boalsert (spits)
199 It Hearrenfean - De Jouwer - Snits - Boalsert - Harns (jûn)
Lijn Tsjinstregeling
235 Snits - Offenwier - Wommels
235 Snits - Offenwier - Wommels
239 Snits - Drylts - Parregea - Ferwâlde
Lijn Tsjinstregeling
761 Stasjon Snits - Easthim (Allinnich nei 22:00 oere jûns)
768 Stasjon Snits - Reahûs

Fan dit stasjon ôf fertrekt yn de Snitswike ek de Snitsermarbus (line 38).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]