Springe nei ynhâld

Roekepôle

Ut Wikipedy

De Roekepôle wie in tige lyts eilantsje noardlik fan it Starteilân yn de Snitser Mar.

Troch de Snitser Mar rint in âlde sânrêch, dêr't de Grevinnewei oer rûn. De Roekepôle lei yn it ferlingde fan dizze izerhâldende sânrêch. It komt út by in âld tsjerkhôf dêr't oerbliuwsels fan oantroffen binne yn 1946, oan it wetter dat Gaw of Geau hjitte. It pontsje nei it Starteilân fart oer it plak dêr't dit tsjerkhôf earder lei, foardat it Margrietkanaal útbaggere waard. 'Geau' betsjut eat as 'de wei dêr't men lâns giet'. Mooglik troch de reade kleur fan it izer waard it wetter 'Reade Gaw' neamd. Yn it Stedsfrysk waard dit 'Rode Koe' wat wer 'Rokoe' waard.

  • Doe't de "Zeil Vereniging Sneek" (foarrinder fan de Keninklike Wettersportferiening Snits hie yn de begjinjierren hjir har klubgebou. Yn de perioade 1914-1918 wie de ferhuzing fan de Roekepôle nei it Kolmarslân. It startskip fan de KWS is letter Roekepôle neamd.
  • Ek in sylpream waard letter Roekepôle neamd
  • De Roekepôle race is in race fan skûtsjes yn oktober.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fryslân, Historisch Tijdschrift, novimber 2011, siden 22-23