Hurdsyldei

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hurdsyldei
Hardzeildag
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Flagge fan Snits.png Snits
holden yn Snitsermar
datum 1e woansdei yn augustus
bysûnderheden
gelegenheid Snitswike
soarte evenemint sportevenemint (silen)
bestean 1814 – no
org. troch KWS
offisjele webside
www.sneekweek.nl

Hurdsyldei (Nederlânsk en offisjeel: Hardzeildag) is de namme foar de woansdei fan 'e Snitswike. Om't de Snitswike begjint op 'e freed foar de earste sneon yn augustus, falt Hurdsyldei dus elts jier op 'e earste woansdei fan augustus.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hurdsyldei giet werom op it saneamde admiraalsilen, in tradysje dy't koart nei 1750 ûntstie yn 'e foarm fan wedstriden dy't doedestiden (yn 'e tiid fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen) opdroegen waarden oan 'e steedhâlder fan Fryslân. Troch de besetting fan Nederlân troch de Frânsen, yn 1795, kaam dêr in ein oan. Mar nei de befrijing fan 'e Frânsen yn 1813 griepen de Snitsers de earste de bêste gelegenheid oan om wer in feestlike sylpartij te hâlden.

Dy gelegenheid die him foar doe't yn Snits it blide berjocht ûntfongen waard dat de deawaande stedsgenoat Jacob Sjoukes Visser út Frânse kriichstsjinst desertearre en sûn en wol op De Jouwer oankomd wie. Dy 'Hurdsyldei' waard tenei alle jierren holden op 'e woansdei dy't it tichtst by de jierdei fan 'e nije kening Willem I lei. Tusken 1851 en 1934 groeide Hurdsyldei út ta wat úteinlik de Snitswike waard.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Hurdsyldei berikke de sylwedstriden fan 'e Snitswike, holden op 'e Snitsermar en de Goaiïngarypster Puollen, in hichtepunt. Dan wurdt û.m. de Fryslân-Hollân-race holden, dêr't de Friezen it by op nimme tsjin 'e Hollanners. Yn 'e binnenstêd fan Snits is it dy deis merke. Fierders wurdt der in bradery organisearre en ek is der, lykas yn 'e hiele Snitswike, muzyk op 'e ûnderskate poadia dy't yn 'e binnenstêd opsteld steane. In soad Snitsers geane op Hurdsyldei oan 'e ein fan 'e middei nei Kafee 't Ouwe Vat, dêr't in optreden holden wurdt dat foarhinne tradisjoneel fersoarge waard troch de Blauhúster Dakkapel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: