Boekemerk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De jierlikse boekemerk yn Dimter

In boekemerkis in merk dêr’t jo allerhande soarten en sjenres boekjen, tydskriften, tekenteltsjes, âlde kaarten en ansichtkaarten keapje en ferkeapje kine, likegoed nij as healsliten, oanbean troch partikulieren, hannelers en antikwariaten. Yn in soad plakken wurde boekemerken holden. Op in boekemerk moatte diskehâlders meast oan de organisearjende gemeente of ynstânsje in bedraach oan leezjes betelje, dat kin sterk fariearje, fan in pear tsientsjes oan inkeld in pear hûndert euro.

Faak is in boekemerk in weromkommend evenemint op in beskaat tiidstip en yn in beskaat plak.

Op rommelmerken binne faak lytse boekemerkjes yntegrearre, meast beset troch leden fan it organisearjend komitee dy’t dan ek gjin stânjild betelje en de opbringst takomme litte oan de organisearjende ynstânsje.