Springe nei ynhâld

Wide Noarderhoarne

Ut Wikipedy

De Wide Noarderhoarne is in strjitte yn de binnenstêd fan de stêd Snits, dy’t op de eartiidske Himdyk leit.

De namme tsjut op de hast-heakske hoarne, in hoeke yn de dyk, dy’t de Himdyk hjir makket. De strjitte begjint as fuortsetting fan de Kruzebruorrestrjitte, oare kant de Dimpte Neltsjehaven. Nei in pear huzen bûcht de strjitte lykwols nei rjochts. Yn de ôfbûging komt fan lofts de Nauwe Noarderhoarne en de strjitte rint fierders op de line fan dy strjitte fierder.

Yn de tiid fan de Nederlandsche Tramweg Maatschappij wie hjir it draaipunt fan de wagons. Kafee 'De Draai', oan de westside fan de strjitte, waard dêrnei neamd. Op de koarte kante fan de strjitte stiet, op it plak fan de eardere stins Hanenburch, tsjintwurdich Hotel Hanenburg.

Oan de Wide Noarderhoarne stiet it ryksmonumint Wide Noarderhoarne 1. Tsjintwurdich is dit de tagong ta de bibleteek. Earder wie hjir de dokterspraktyk fan dokter Bouma.

Yn de Snitswike wurdt de strjitte seis dagen brûkt as it Snitswikeplein. Radiostasjons RadioNL en Waterstad FM hâlde op de dyk dan grutte muzykfestivals, dy’t trochstrings tûzenen minsken lûke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]