Springe nei ynhâld

Hanenburch (stins)

Ut Wikipedy
Hanenburch (1649)

De Hanenburch wie in stins yn de binnenstêd fan Snits.

De stins stie op de kop fan de Wide Noarderhoarne.

De skiednis fan de lokaasje giet werom oant de 13e iuw. Nei oanlieding fan resint archeologysk ûndersyk yn de omjouwing kin oannomd wurde dat der yn dizze tiid in stins stien hat op dit steed. Letter waard op dit plak in stins setten dy't mooglik brûkt waard as greeflike residinsje. De eksakte bou- en sloopdata binne ûnbekend, mar der binne wol fermeldingen fan dit bouwurk. Sa stiet it gebou op in kaart út 1649 en wurdt dizze yn in kronyk út 1772 beskreaun.

Tsjintwurdich stiet op dit plak Hotel Hanenburg.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: