Gerben Nammens Bouma
Doktor Gerben Nammens Bouma (Snits, 9 juny 1858 - dêre, 30 jannewaris 1935) wie in Nederlânsk arts, sjirurch en politikus.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 12 maaie 1887 luts Bouma yn in grut hearehûs oan de Wide Noarderherne 1 yn Snits, dêr't er in doktersprakryk iepene. Bouma hie foar syn tiid moderne ideeën oer de genêskunde. Hy die bygelyks ûndersyk nei de bloeddruk by operaasjes. Bouma wie ien fan de inisjatyfnimmers ta it stiftsjen fan it Sint Anthonius Sikehûs. Dêrneist wie er lid fan de gemeenteried fan Snits (1902-1910) en wie er wethâlder (1911-1919).
Bouma syn belutsenens by it wolwêzen en bestjoer fan de stêd makke him in populêr man yn Snits. De Dr. Boumawei waard yn 1943 nei him ferneamd; oant 1943 hjitte dy dyk de Stationsweg. De Dr. Boumawei is it adres fan it Sint Anthonius Sikehûs.[1]
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bouma wie in soan fan de moalfabrikant Nammen Gerben Bouma en Akke Droge. Hy studearre yn Leien en Berlyn. Yn 1888 troude er mei Wildina Christina Beekhuis.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1999 ferskynde der in boek oer Gerben Nammens Bouma en syn famylje, mei de titel Over mijn ouders, grootouders en andere familie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |