Theo Smit (hurdfytser)
Theo Smit | ||
sporter | ||
Theo Smit (1977) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Theo Smit | |
bynamme | De Katapult | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 april 1951 | |
berteplak | Amsterdam | |
stjerdatum | 20 july 2023 | |
stjerplak | Zwanenburg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen baanhurdfytsen | |
debút | 19?? | |
karriêre-ein | 1989 | |
wichtige prestaasjes | ||
Baanhurdfytsen 2x goud NK 1976, 1980 1x brûns NK 1980 |
Theo Smit (Amsterdam, 5 april 1951 – Zwanenburg, 20 july 2023), bynamme De Katapult, wie in Nederlânsk hurdfytser. Syn spesjaliteit wie sprinte, mar hy wie ek (yn Nederlân) in pionier op de keirin. Hy waard twa kear Nederlânsk kampioen op de baan (50 km en sprint) en wûn sawol twa etappes yn de Omgong fan Frankryk as yn de Omgong fan Spanje. Njonken in rige etappes yn meardaagske koersen, skreau Smit yn syn profkarriêre in grut tal kriteariums op syn namme. Nei dy karriêre waard er trainer en bûnscoach baanhurdfytsen.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat de yn Halfweg opgroeide Smit prof waard, wie er al in bekende hurdfytser: hy hearde ta de suksesfoller fytsers fan de (amateur)kriteariums en klassikers. Yn 1974 krige hy in kontrakt by de Nederlânske hurdfytsploech Frisol-Flair Plastics, dêr't ûnder mear as Cees Priem, Fedor den Hertog, Harm Ottenbros en Donald Allan rieden. Syn earste profoerwinning behelle er ek dat jier, dat wie de Omgong fan Noard-Hollân. It jier derop belibbe hy in goed seizoen, njonken de winst yn earste etappe fan de Omgong fan Nederlân en tal eareplakken wûn hy dat jier twa etappes yn de Omgong fan Frankryk. In sensaasje destiids omdat gjinien fan him ferwachte dat er ek de grutte sprinters efter him hâlde kinne soe. Yn de fiifde etappe, yn Merlin Plage, syn earste etappeoerwinning, fersloech hy hurdfytsers as Rik Van Linden, Jacques Esclassan en Eddy Merckx.
Yn de 9e etappe ried Smit de hurdfytsers Gerben Karstens, Eddy Merckx, Barry Hoven, Mauro Santambrogio en opnij Van Linden sels hielendal út it tsjil en wûn ôftekene de etappe. Mar yn de earste echte berchetappe waard er al gau lost en ried sa'n 150 kilometer allinnich en kaam bûten de tiid yn Pau oan, en dus moast er de omgong ferlitte.
Mar nettsjinsteande syn sterke debút yn Frankryk ried hy it opfolgjende jier, 1976, net de Omgong fan Frankryk. Al naam er diel oan de Omgong fan Spanje. En ek dêr wûn er twa etappes. Yn 1977 ried er wer de Omgong fan Frankryk. Mar ek dis kear ried er de Omgong fan Frankryk net út, lykas dat him dat jier ek net slagge yn de Omgong fan Spanje.
Nei dat jier besleat er him mear te rjochtsjen op de iendeiske wedstriden, kriteariums en it baanhurdfytsen. Yn 1976 waard er kampioen fan Nederlân 50 km op de baan foar Gerrie Knetemann en Harm Ottenbros. Yn 1980 helle hy de nasjonale sprint titel foar Hester Aarts. Nei't er tredde wurden wie yn de ploege-efterfolging by it nasjonaal kampioenskip wûn er de sprint. Yn 1983 helle hy noch ien kear in grutte oerwinning op de dyk, tegearre mei Co Moritz, Peter Pieters, Ron Snijders, Marco van der Hulst en Jan De Nijs (net allegear profs destiids) wûn hy it Nasjonaal kampioenskip ploegetiidrit.
Yn 1988 syn lêste jier as profhurdfytser, behelle er noch in oansprekkende eareplak, in tredde plak yn de earste etappe fan de Omgong fan de Middellânske See. It jier derop ried er noch as semy-prof mei in yndividueel sponsorkontrakt. Hy hie noch al ien ploechmaat, de Belch Alain Laeremans, mar dêrnei wie it de echte ein fan syn profkarriêre.
Smit bleau nau belutsen by de hurdfytssport as trainer, bûnscoach baanhurdfytsen (ein jierren 1980, begjin jierren '90) en lid fan de KNWU-kommisje Baansport (fan 2003 ôf).
Theo Smit ferstoar op 20 july 2023, yn 'e âldens fan 72 jier.
Dielname oan grutte omgongen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Frankryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Itaalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1975 - net finisht;
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1974-1977 - Frisol
- 1978-1979 - Lejeune-BP
- 1980-1985 - Elro Snacks
- 1986-1987 - Van Schilt
- 1988 - TVM
- 1989 - Elro-Kuiper van Noord
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|