Eddy Merckx

Ut Wikipedy
Eddy Merckx
Olympic Rings black.svg sporter
Eddy Merckx (1973)
Eddy Merckx (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Baron Edouard Louis Joseph Merckx
bynamme De kannibaal
nasjonaliteit Flag of Belgium (civil).svg Belgysk
bertedatum 17 juny 1945
berteplak Meensel-Kiezegem
lingte 182 sm
gewicht 74 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1961
karriêre-ein 1978
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1969-1972, 1974) (5x),
Omgong fan Itaalje (1968, 1970-1974) (5x),
Omgong fan Spanje (1973)

Baron Edouard Louis Joseph (Eddy) Merckx (Meensel-Kiezegem, 17 juny 1945) is in eardere Belgysk hurdfytser en fiif kear winner fan sawol de Omgong fan Frankryk as de Omgong fan Itaalje. Dêrneist wûn er ien kear de Omgong fan Spanje en waard er trije kear wrâldkampioen. Fierder wûn er hast alle klassikers en bruts er it wrâldoererekôr. Hy wurdt mei 525 oerwinningen algemien beskôge as de bêste hurdfytser fan alle tiden. Nei syn karriêre rjochte er in fytsefabryk op mei de namme Eddy Merckx Cycles.

karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eddy Merckx begûn syn hurdfytskarriêre by de nijelingen yn july 1961. Op 1 oktober 1961 wûn er syn earste hurdfytswedstriid, in merkekoers dy't yn Lettelingen, in doarp yn de Belgyske provinsje Henegouwen, organisearre waard.[1] Trije jier letter waard er yn it Frânske Sallanches wrâldkampioen by de leafhawwers.

1965 - 1967[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn prof debút makke Merckx yn 1965 doe't er yn it shirt fan Solo-Superia meidie oan de Waalse Pijl. Omwille fan de rivaliteit mei kopman Rik Van Looy stapte de ambisjeuze Merckx al nei ien jier oer nei Peugeot-BP.[2] Yn 1966 wûn er syn earste fan sân Milaan-San Remo's, in rekôr dat noch altyd net ferbrútsen is. In jier letter waard er yn Heerlen wrâldkampioen hurdfytsen op 'e dyk, syn earste fan trije wrâldtitels.

1968 - 1969[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1968 sleat Merckx him tegearre mei Martin Van Den Bossche en de Westflaamske sprinter Guido Reybrouck oan by de hurdfytsploech Faema. Mei tank oan it kopwurk fan masterfeint Van Den Bossche, lykas by de ferneamde snie-etappe nei de Drei Zinnen, wûn Merckx as earste Belch de Omgong fan Itaalje, syn earste grutte Omgong. Doe't er in jier letter opnij oan de Giro meidien hie, waard er út de wedstriid helle nei opskuor fanwegen in positive dopingtest. Merckx hat lykwols altyd folholden dat der knoeid wie mei de test.[3] Yn septimber 1968 etalearde Merckx syn kwaliteiten as tiidrider yn de Omgong fan Kataloanje. Hy wûn it einklassemint en stuts dêrmei syn konkurrint Felice Gimondi nei de kroan. Dochs wie Merckx syn earste jier by Faema gjin ûnferdield sukses. De Italjaanske hurdfytsers yn de ploech wiene net echt ree om Merckx te helpen en rieden leaver yn funksje fan Vittorio Adorni. Dêr kaam feroaring yn doe't Lomme Driessens yn 1969 op foarsizzen fan Merckx syn manager en saakwaarnimmer Jean Van Buggenhout de nije ploechlieder by Faema waard.

Yn 1969 wûn er foar it earst de Omgong fan Frankryk. Hy wûn seis ritten, it einklassemint, it punteklassemint én it berchklassemint. Merckx koe rekkenje op in tige sterke Faema-ploech, dy 't yn tsjinstelling ta it foargeande jier hast allinnich út Belgyske hurdfytsers bestie. De sterkte fan de ploech bliek ûnder mear út de oerwinning yn de ploegetiidrit yn Sint-Pieters-Woluwe oan it begjin fan de Omgong. Hy soe dêrnei de Omgong fan Frankryk noch fjouwer kear winne, yn 1970, 1971, 1972 en 1974.

1972 - 1978[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1972 bruts er yn Meksiko-Stêd op it Velódromo Olímpico Agustín Melgar it wrâldoerekôr, dat pas tolve jier letter troch Francesco Moser op in spesjaal ûntwurpen fyts op'e nij brutsen wurde soe. Yn 2000 besleat de UCI om dit rekôr net langer te erkennen. It rekôr fan Merckx waard yn eare hersteld en sûnt dy tiid wurde ferbetteringen allinnich erkend as se helle wurde op in fyts dy't troch de UCI goedkard is.

Yn 1973 die Merckx net mei oan de Omgong fan Frankryk, mar yn stee dêrfan die er mei oan de Omgong fan Spanje. Yn dy Vuelta skreau er seis etappes en it einklassemint op syn namme.

Yn 1975 wûn Merckx yn Meerbeke foar de twadde en lêste kear de Omgong fan Flaanderen mei in heale minút foarsprong op syn meifluchter Frans Verbeeck en mear as fiif minuten foarsprong op de rest fan it peloton.

Yn jannewaris 1978 tekene Merckx in nij sponsorkontrakt by it spesjaal foar him oprjochte hurdfytsploech C&A. Op 19 maart 1978 ried Merckx yn Kemzeke mei de Omgong fan it Waaslân syn lêste offisjele wedstriid.

Nei it hurdfytsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maaie 1978 kundige Merckx op in parsekonferinsje de definitive ein fan syn sportive karriêre oan.[4] Nei in koart skoft as ploechlieder fan C&A rjochte hy begjin 1980 it fytsfabryk Eddy Merckx Cycles op. Nei syn hurdfytskarriêre trede er ek geregeld op as kommentator by wedstriden yn it hurdfytsen.

Fan 1986 oant 1997 wie Eddy Merckx aktyf as bûnscoach fan it Keninklike Belgyske Hurdfytsbûn. Dêr stie er yn foar it bepalen fan de seleksjes en de taktyk foar alle wrâldkampioenskippen, Jeropeeske kampioenskippen en Olympyske kampioenskippen dêr't Belgyske dykhurdfytsers yn die tiid oan meidiene.

Yn 2017 kundige it ASO oan dat de Omgong fan Frankryk 2019 yn Brussel fan start gie en der twa dagen bliuwe soe om Merckx ' fyftichjierrich jubileum fan de earste fan syn fiif Omgong oerwinningen te fieren. De earste etappe die ek Sint-Pieters-Woluwe oan, it plak dêr't Merckx syn earste giele trui ferovere. Ek waard it hûndertjierrich bestean fan de giele liederstrui fierd.[5][6]

Dielnimming oan grutte omgongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eddy Merckx yn 1970

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1969 - Jersey yellow.svg 1e; winner 6e, 8e, 11e, 15e, 17e en de 23ste etappe.
  • 1970 - Jersey yellow.svg 1e; winner proloog, 7e, 10e, 11e, 12e,, 20ste en de 23ste etappe.
  • 1971 - Jersey yellow.svg 1e; winner 2e, 13e, 17e en de 20ste etappe.
  • 1972 - Jersey yellow.svg 1e; winner proloog, 5e, 8e, 13e, 14e en de 20ste etappe.
  • 1974 - Jersey yellow.svg 1e; winner proloog, 7e, 9e, 10e, 5e, 19e, 21ste etappe en de 22ste etappe.
  • 1975 - 2e; winner 6e en de 9e etappe.
  • 1977 - 6e;

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1973 - Jersey gold.svg 1e; winner proloog, 8e, 10, 15e, 16 en de 17e etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1967 - 9e; winner 12e en 14e etappe.
  • 1968 - Jersey pink.svg 1e; winner 1e, 8e en de 12e etappe
  • 1969 - Diskwalifisearre; winner 3e, 4e, 7e en de 15e etappe [7]
  • 1970 - Jersey pink.svg 1e; winner 2e, 7e en de 9e etappe.
  • 1972 - Jersey pink.svg 1e; winner 12e, 14e, 16e en de 19e etappe.
  • 1973 - Jersey pink.svg 1e; winner proloog, 1e, 4e, 8e, 10e en de 18e etappe.
  • 1974 - Jersey pink.svg 1e; winner 12e en de 21ste etappe.
  • 1976 - 8e

Ploegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1961–1964 - Evere Kerkhoek Sportif
  • 1965 - Solo–Superia
  • 1966–1967 - Peugeot–BP–Michelin
  • 1968–1970 - Faema
  • 1971–1976 - Molteni
  • 1977 - Fiat France
  • 1978 - C&A

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: