Clas Thunberg

Ut Wikipedy
Clas Thunberg
sporter
Clas Thunberg (1924)
Clas Thunberg (1924)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arnold Clas Robert Thunberg
nasjonaliteit Finsk
bertedatum 5 april 1893
berteplak Helsinki
stjerdatum 28 april 1973
stjerplak Helsinki
etnisiteit Sweedsk
lingte 173 sm
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Chamonix 1924,
Sankt-Moritz 1928
debút 1911
karriêre-ein 1936
wichtige prestaasjes
5x goud Olympyske Spullen 1924, 1928
1x sulver Olympyske Spullen 1924
1x brûns Olympyske Spullen 1924
5x goud Wrâldkampioenskip 1923, 1925, 1928, 1929, 1931
1x sulver Wrâldkampioenskip 1927
1x brûns Wrâldkampioenskip 1922

Arnold Clas Robert Thunberg (Helsinki, 5 april 1893 - Helsinki, 28 april 1973) wie in Finsk reedrider. Fyftjin jier lang, fan 1924 oant 1939, wie Thunberg ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.

Clas Thunberg, dy't ta de Finlânsweedske minderheid hearde, begûn pas op lettere leeftiid mei reedriden. Nei in wat wyld libben mei smoken en drank konsintrearre er him no folslein op syn sport. Pas mei 28 jier behelle er syn earste titel by it Europeesk kampioenskip allround yn 1922. Dêrnei hearde er tsien jier lang by de bêste reedriders fan de wrâld.

Doe't er foar it earst meidie oan de Olympyske Winterspullen, Chamonix 1924, wûn Thunberg op alle ôfstannen in medalje, trije gouden medaljes (1500 en 5000 meter en allround), ien sulveren (10.000 meter) en ien brûnzen medalje (500 meter). De Finske reedrider is sadwaande de iennige Olympyske allround kampioen yn de skiednis oant no ta, om't dy dissipline oant hjoed-de-dei allinne by dizze edysje op it programma stien hat. Fjouwer jier letter by syn twadde dielname oan de Olympyske Winterspelen, Sankt Moritz 1928, wûn Thunberg goud op de 500 en 1500 meter.

Trochdat by de Olympyske Winterspullen fan 1932 yn Lake Placid de reedrydôfstannen ferriden waarden op Amerikaanske wize mei in massastart, bleaune in soad Europeeske reedriders út ûnfrede oer dy wize fan wedstriidreedriden thús, sa ek Clas Thunberg.

Njonken alle Olympyske poadium pleatsten grossierde Thunberg ek yn earemetaal by de allround kampioenskippen. Sa waard er fjouwer kear Europeesk kampioen en fiif kear wrâldkampioen allround. Mei it oantal fan fjouwer Europeeske titels stiet er tredde op de list fan measte titels by it EK allround. Mei de fiif wrâldtitels allround stiet Thunberg tegearre mei de Noarsk Oscar Mathisen op in dield twadde plak fan gouden medaljes op it WK. Clas Thunberg ferstoar op 28 april 1973, yn 'e aldens fan 80 jier.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 42,6 13 jannewaris 1931 flagge fan Switserlân   Badrutts Park, Sankt Moritz
1000 meter 1.27,4 4 maart 1931 flagge fan Noarwegen Bislett Stadion, Oslo
1500 meter 2.18,1 22 jannewaris 1930 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 5.00,6 21 febrewaris 1933 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
5 km 8.32,6 4 febrewaris 1928 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
10 km 17.34,8 5 febrewaris 1928 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier EK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
1922 Goud Brûns
1923 Sulver Goud
1924 Sulver 500 m, Brûns
1500 m, Goud
5 km, Goud
10 km, Sulver
Allround, Goud
1925 Goud
1927 Sulver Sulver
1928 Goud Goud 500 m, Goud
1500 m, Goud
5 km, 12e
1929 Sulver Goud
1931 Goud Goud
1932 Goud
1933 6e
1934 15e 14e
1935 11e 18e

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN