Jayden Lee

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jayden Lee
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Jayden Lee.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 5 april 1993
berteplak Sacramento (Kalifornje)
etnisiteit Flag of South Vietnam.svg Fjetnameesk
Flag of South Korea.svg Koreaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
jaydenleexxx.com (deade link)

Jayden Lee, echte namme ûnbekend (Sacramento, 5 april 1993), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Fjetnameesk- Koreaansk etnysk komôf. Hja hat ek wol wurke ûnder de artystenamme Jayden.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lee waard yn 1993 berne yn Sacramento, de haadstêd fan 'e steat Kalifornje. Foar't se belutsen rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, wurke se as ferkeapster yn in winkel, dêrnei as mainstream-model, doe as neakenmodel, wêrby't se foar ferskate manljusblêden posearre, en úteinlik as stripper.

Yn 2012, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film, neidat se oansprutsen wie troch immen dy't foar de website Model Mayhem wurke. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 115 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Hustler Video, Zero Tolerance, Elegant Angel, Adam & Eve, The Score Group en Jules Jordan Video.

Dêrnjonken hat Lee ek foar ferskate minder bekende studio's yn 't spier west, wêrûnder Pure Play Media en Third Degree Films. Fierders hat se ek in soad wurke foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings, Brazzers en Kink.com. Yn oktober 2013 liet Lee har boarsten fergrutsje ta kup 34D. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 54 kg.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: