Booker T. Washington

Ut Wikipedy
Booker T. Washington
persoanlike bysûnderheden
echte namme Booker Taliaferro Washington
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 april 1856
berteplak Hale's Ford (Firginia)
stoarn 14 novimber 1915
stjerplak Tuskegee (Alabama)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt ûnderwizer, bestjoerder
aktyf as polityk aktivist, publisist
jierren aktyf 18811915
reden
  bekendheid
syn ynset foar de maatskiplike
   foarútgong fan 'e Afro-
   Amerikanen
bekendste
  wurk(en)
Up from Slavery
The Story of the Negro

Booker T. Washington (folút: Booker Taliaferro Washington; Hale's Ford (Firginia), 5 april 1856Tuskegee (Alabama), 14 novimber 1915), wie in Amerikaansk polityk aktivist, publisist, ûnderwizer en steatsman fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy wie de lêste fan in generaasje swarte lieders dy't as slaaf berne wiene yn it Amerikaanske Suden fan foar de Boargeroarloch, en hy sette fral swier yn op better ûnderwiis foar syn folk. Nei de dea fan Frederick Douglass, yn 1895, wie Washington oan syn dea ta tweintich jier lang de wichtichste foaroanman fan de Afro-Amerikanen yn 'e Feriene Steaten. By syn libben stied er oan krityk bleat om't er in tuike-tuikepolityk fan oerlis en kompromissen foarstie; nei syn ferstjerren namen de lieders fan 'e swarte mienskip oer it algemien in militantere hâlding oan.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Washington waard yn 1856 berne as slaaf te Hale's Ford, yn 'e steat Firginia. Syn mem wie in swarte slavinne mei de namme Jane, en syn blanke heit waard nea identifisearre, mar der waard grute dat it in plantaazje-eigner út 'e omkriten wie. Jane troude nei Washington syn berte mei in manlike slaaf dy't Washington Ferguson hiet, en dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) nei West-Firginia ta ûntsnapte, dat him yn dy tiid fan Firginia ôfskate. Washington en syn mem waarden yn 1865 befrijd, nei't de Proklamaasje fan Emansipaasje, dêr't presidint Abraham Lincoln yn 1863 de slavernij mei ophefte, ek yn Firginia fan krêft waard. Letter ferfear er mei syn mem nei West-Firginia, dêr't se har by syn styfheit joegen. Yn West-Firginia naam de jonge Booker de foarnamme fan syn styfheit as syn eigen efternamme oan doe't er foar it earst nei skoalle gie.

It hûs fan Booker T. Washington oan wat no de Universiteit fan Tuskegee is.

As opslûpen jonge wurke Washington ferskate jierren yn 'e sâltûnen en koaleminen fan West-Firginia om jild op te garjen, foar't er werom gie nei it easten. Dêr krige er yn ruil foar wurk in oplieding oan it Hampton Ynstitút, in skoalle yn Hampton (Firginia), dy't oprjochte wie om frije swarten fan ûnderrjocht te foarsjen. Yn 1878 studearre er ek in healjier oan it Wayland Seminaarje yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Yn 1881 rekommandearre Samuel C. Armstrong, it haad fan it Hampton Ynstitút, Washington oan foar de posysje fan haad fan it nije Tuskegee Ynstitút, in kweekskoalle foar oankommende swarte ûnderwizers, yn Tuskegee. Washington krige dy funksje en bleau de rest fan syn libben oan it Tuskegee Ynstitút ferbûn.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Washington jout in lêzing yn Carnegie Hall, yn New York, yn 1906.

De perioade fan 'e weropbou nei de Boargeroarloch wie yn 't earstoan in tiid fan grutte foarútgong foar de befrijde negerslaven yn it Suden. De manlju krigen nei ferrin fan tiid kiesrjocht, se rjochten eigen tsjerken, skoallen en ferienings op, en ûntwikkelen in bloeiende kultuer. Yn 'e 1870-er jierren kaam der lykwols in weromslach yn 'e foarm fan diskriminaasje en yntimidaasje troch blanken. It wie yn dy tiid dat de rasistyske Ku Klux Klan oprjochte waard. Yn 'e 1890-er jierren namen de Súdlike steaten ien foar ien saneamde Jim Crow-wetten oan, dy't de rasseskieding en de útsluting fan swarten fan it kiesrjocht fan hegerhân opleine.

It wie tsjin dy eftergrûn dat Washington him yn 'e 1880-er jierren njonken syn wurk as skoalhaad en ûnderwizer ek begûn te oppenearjen as ien fan 'e foaroanmannen fan 'e hiele Afro-Amerikaanske mienskip yn it Suden. Fan likernôch 1890 ôf spile er him dêrby mei it jaan fan lêzings en taspraken regionaal yn 'e kiker, mar nasjonaal krige er pas bekendheid troch syn taspraak yn Atlanta yn 1895. Hoewol't dat barren doedestiden rûnom troch sawol swarten as blanken as in mylpeal yn 'e emansipaasje fan 'e eardere slaven beskôge waard, krige it letter fan Washington syn tsjinstanners binnen de Afro-Amerikaanske boargerrjochtebeweging de namme it Kompromis fan Atlanta, wêrmei't se oanjoegen dat Washington neffens harren syn earen tefolle hingje liet nei wat de blanken seine en woene.

Yn datselde jier (1895) stoar ek Frederick Douglass, dy't al sûnt foàr de Boargeroarloch de wichtichtste lieder fan 'e Afro-Amerikanen west hie. Trochdat er mei syn taspraak de oandacht en belangstelling lutsen hie fan sawol politisy as it Amerikaanske publyk, koe Washington yn it fakuum stappe dat Douglass efterlitten hie, wat him ta ien fan 'e meast foaroansteande wurdfierders foar de Afro-Amerikaanske mienskip makke. Hy boude in lanlik netwurk op fan oanhingers yn withoefolle lokale swarte mienskippen, en ûnder swarte predikanten, ûnderwizers en oare notabelen. Oan syn dea ta spile er in dominante rol yn 'e swarte polityk en wied er de wichtichste foaroanman fan 'e Afro-Amerikanen yn 'e Feriene Steaten.

Booker T. Washington en presidint Theodore Roosevelt by in besyk fan dyselde oan it Tuskegee Ynstitút yn 1905.

Dêrby wûn er net inkeld brede stipe ûnder de swarten, mar ek ûnder de frijsinnige rike blanke elite fan it Noarden. Oaljemagnaten as John D. Rockefeller en Henry Huttleston Rogers, ûndernimmers as Julius Rosenwald en George Eastman en filantropen as Andrew Carnegie donearren grutte sommen jild oan Washington syn projekten, wêrby't it ornaris gie om (hûnderten) lytse doarpsskoaltsjes of ynstituten foar heger ûnderwiis foar de swarten yn it Suden. Fia sokke lju krige Washington ek tagong ta de nasjonale politike lieders, wêrby't er nauwe bannen oanknope mei de Republikeinske Partij (doe de progressyfste fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen). Hy wie befreone mei de presidinten William McKinley, Theodore Roosevelt en William Howard Taft, dy't him gauris om rie fregen by kwestjes oangeande it ûnderwiis of de Afro-Amerikanen.

Booker T. Washington op in Amerikaanske postsegel fan 10¢, út 1940.

Doe't yn 1909 de boargerrjochte-organisaasje NAACP oprjochte waard, kaam Washington bleat te stean oan krityk út eigen kring, benammen fan W.E.B. Du Bois, de foarsitter fan 'e NAACP, dy't in skerpere toan fan protest easke om folsleine boargerrjochten foar de Afro-Amerikanen ôf te twingen. Neffens Washington soe in polityk fan konfrontaasje lykwols allinnich mar liede kin ta in ramp, mei't de swarten yn 'e Amerikaanske maatskippij fier yn 'e minderheid wiene. Har iennichste opsje wie dêrom en wurkje gear mei dy blanken dy't har doelen ûnderstipen. Hy hold út dat de "skerpere toan", dy't Du Bois-en-dy hawwe woene, sokke blanken fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip ferfrjemdzje soe, sadat de swarten der dan allinne foar komme soene te stean. Syn eigen belied wie rjochte op 'e lange termyn, en Washington wie derfan oertsjûge dat úteinlik alle diskriminaasje en ûnrjocht oerkomd wurde kinne soe. Likegoed betelle er temûk de kosten fan rjochtsaken wêrmei't guon swarten de rasistyske wetjouwing yn it Suden besochten werom te draaien.

Njonken syn wurk yn it ûnderwiis en syn polityk krewearjen wie Washington ek aktyf as publisist. Hy skreau ferskate boeken, wêrûnder samlings essay's en taspraken. Syn bekendste wurk is lykwols syn autobiografy, Up from Slavery, dy't yn 1901 útkaam en dy't yn Amearika noch altyd rûnom lêzen wurdt.

Washington mei syn trêde frou Margaret en syn beide soannen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Booker T. Washington troude trije kear, en yn syn autobiografy joech er oan dat al syn trije froulju har eigen oansjenlike bydragen leveren oan it runnen fan it Tuskegee Ynstitút. Yn 'e simmer fan 1882 troude er mei Fannie N. Smith, dy't ôfkomstich wie út Malden, yn 'e Kanawhadelling fan West-Firginia, dêr't Washington him nei de Boargeroarloch mei syn âlden fêstige hie. Hja krigen ien bern, in dochter, Portia M. Washington.

Nei it ferstjerren fan syn earste frou, yn maaie 1884, wertroude Washington yn 1885 mei Olivia A. Davidson, in skoaljuffer dy't foartiid yn Mississippy en Tennessee foar de klasse stien hie. Yn Tuskegee makke Washington har assistint-skoalhaad. Se krigen twa soannen, Booker T. Washington jr. en Ernest Davidson Washington, foar't hja yn 1889 ek kaam te ferstjerren. Yn 1893 troude Washington foar de trêde kear, no mei Margaret James Murray, dy't út Mississippy kaam en oan 'e swarte Fisk Universiteit studearre hie. Mei har krige Washington gjin bern mear, mar sy brocht syn trije bern út syn eardere houliken grut. Hja oerlibbe him en stoar yn 1925.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De begraffenis fan Booker T. Washington: de kiste wurdt nei it grêf ta droegen.

Nettsjinsteande it feit dat er de hannen fol hie oan syn politike wurk en dat er dêrfoar allegeduerigen op reis wie, bleau Washington oan as skoalhaad fan it Tuskegee Ynstitút. Wierskynlik om't er tefolle fan himsels ferge, kaam syn sûnens yn 'e knipe. Yn 1915, doe't er yn New York wie, briek it him úteinlik op en stoarte er yn. Hy waard halje-trawalje nei hûs ta brocht, yn Tuskegee, dêr't er op 14 novimber 1915 yn 'e âlderdom fan 59 jier kaam te ferstjerren. Washington waard op it terrein fan it Tuskegee Ynstitút begroeven, deunby de universiteitskapel. Doedestiden wie men fan betinken dat er himsels sa oerwurke hie dat er in hertoanfal krigen hie, en doe't yn maart 2006 mei goedfinen fan syn ôfstammelingen alle oerlevere medyske ynformaasje bestudearre waard, kaam men ta de konklúzje dat de direkte oarsaak wierskynlik in ferhege bloeddruk wie, mei't syn bloeddruk twa kear sa heech wie as normaal.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1900 – The Story of My Life and Work
  • 1901 – Up from Slavery
  • 1909 – The Story of the Negro: The Rise of the Race from Slavery (2 dielen)
  • 1911 – My Larger Education
  • 1912 – The Man Farthest Down

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.