Springe nei ynhâld

Harmannus Huber

Ut Wikipedy
Harmannus Huber
politikus
echte namme Harmannus Ulriks Huber
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 april 1663
berteplak Frjentsjer (Fryslân)
stjerdatum 18 novimber 1730
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
Switsersk
Deputearre fan Fryslân
amtsperioade 17211728
17291730
Boargemaster fan Snits
amtsperioade 17181730
Siktaris fan de Steaten fan Fryslân
amtsperioade 16821718
Lid fan de froedskip fan Snits
amtsperioade 16?? – 16??

Harmannus Huber (folút: Harmannus Ulriks Huber; Frjentsjer, 5 april 1663Ljouwert, 18 novimber 1730), wie in Frysk jurist en politikus. Hy wurdt soms ek wol Hermannus of Hermanus Huber neamd, mar syn doopnamme, sa't dy fêstlein is op 5 april 1663 yn it herfoarme doopregister te Frjrentsjer, is "Harmannus".

Huber wie de soan fan Ulrik Huber (1634-1694), in perfester oan de Frjentsjerter Universiteit, en dy syn frou Agnieta Althusius (1641-1663). Hy brocht it fanôf 1682 ta siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân, mar joech dy funksje yn 1718 op om boargemaster fan Snits te wurden. Dêrnjonken naam er twaris sitting yn it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Huber troude op 29 desimber 1695 te Marsum mei de fan Ljouwert ôfkomstige Elizabeth de Hertoghe (1667-1751), mei wa't er him yn Dronryp, op it bûten Skatzenburch, nei wenjen sette en sân bern krige, trije soannen en fjouwer dochters. Huber ferstoar yn 1730 te Ljouwert, doe't er 67 jier wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: