Edwin de Groot

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Edwin de Groot (It Hearrenfean, 5 april 1963) is in Frysk skriuwer en dichter. Edwin de Groot wennet yn Aldehaske en wurket yn syn berteplak It Hearrenfean.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy folge in HBÛ oplieding ferpleechkunde en is wurksum as tiimlieder op in operaasjeôfdieling. Yn 2005 publisearre hy syn earste gedicht, Slachfjild, op Farsk (www.farsk.nl) en mear publikaasjes folgen yn Hjir, De Moanne en Ensafh. Yn 2007 hat hy de Rely Jorritsmapriis wûn mei it gedicht Yn it omgean. Edwin wie redaksjelid fan Farsk en Hjir en sit hjoed de dei yn 'e redaksje fan Ensafh.

Begjin 2008 debutearre er by Utjouwerij Bornmeer mei de bondel Ik skip. Yn 2010 folge de bondel Tongfal mei dêryn foto's fan Tjibbe de Jong. Yn jannewaris 2013 ferskynde fan syn hân de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind. De bondel is útjûn troch de yn 2012 oprjochte útjouwerij HotSum, dy't gearwurket mei de Nederlânske útjouwerij Contrabas. It hat as doel it útjaan fan twatalige poëzij en Fryske essaybondels.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dichtwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008: Ik skip
  • 2010: Tongfal (mei foto's fan Tjibbe de Jong)
  • 2013: In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: