Springe nei ynhâld

Pieter Jacob Six

Ut Wikipedy
Pieter Jacob Six
aadlik persoan en/of hearsker
Pieter Jacob Six (1967)
Pieter Jacob Six (1967)
echte namme Jhr. Pieter Jacob Six
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplak Amsterdam
stjerplak 's-Graveland
dynasty Six
prizen Militêre Willems-Oarder (MWO.4)
Oarder fan Oranje-Nassau (ON)
Fersetsbetinkingskrús (VHK)
Ofsierskrús (OK)
Legion of Merit flagge fan de Feriene Steaten
reserve-ofsier
amtsperioade 1914-1918
ritmaster
amtsperioade ?-1945
reserve-kolonel
amtsperioade 1945-?

Jhr. Pieter Jacob Six (Amsterdam, 5 april 1894 - 's-Graveland, 27 april 1986) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Six, lid fan de famylje Six, wie de fjirde soan fan seis bern fan de keunsthistoarikus perf. jhr. dr. Jan Six, hear fan Hillegom en Wimmenum (1857-1926) en Hieronijma Maria Antonia Fortuna Bosch Reitz (1867-1951). Hy waard opbrocht yn in patrysjersfermidden yn Amsterdam. Under de Nederlânske mobilisaasje fanwegen de Earste Wrâldoarloch melde er him as frijwilliger by de kavalery en waard oplaat ta reserve-ofsier. Oan de ein fan de oarloch begeliede syn ienheid de nei Nederlân útwykte Dútske kroanprins Wilhelm doe't dy de Nederlânske grins oerstiek.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de maaiedagen fan 1940 wie Six, wilens ritmaster, yn it noarden fan de Feluwe legere, mar die net mei oan echte fjochterij.

Yn 1941 gie er, útnoege troch de luitenant-kolonel fan de Keninklike Maresjesee Pierre Versteegh by de Oardertsjinst (O.D.), in op militêre least sette fersetsbeweging. Yn 1942 waard de top fan de O.D. foar it grutste part troch de Dútsers oppakt en naam Six de lieding op him. Yn dy posysje spile er in foarneame rol by it bondeljen fan fersetsynspanningen yn Nederlân.
Yn 1944 waard syn organisaasje diel fan de Binnenlânske Striidkrêften (B.S.) dy't ûnder lieding stiene fan Henri Koot. Six ferfolde dêrby in rol as ûnderkommandant.
Yn april 1945 ûnderhannele er út namme fan de B.S. mei de Dútske rykskommissaris Arthur Seyss-Inquart oer it ophâlden fan eksekúsjes en fernielingen. Nei de befrijding waard er, wilens befoardere ta reserve-kolonel, tafoege oan it Militêr Gesach o.l.f. Generaal Kruls.

MWO.4

Foar syn fertsjinsten ûnder de Twadde Wrâldoarloch waard Six yn 1946 beneamd ta Ridder yn de Militêre Willems-Oarder. Teffens ûntfong er hege Britske en Amerikaanske ûnderskiedingen. Yn de jierren nei de oarloch wie er bestjoerlik aktyf yn ferskate âldstridersferieningen en besibbe organisaasjes. Nei syn dea ferneamde de Keninklike Lânmacht yn 1987 in Amsterdamske kazerne nei him.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]