Springe nei ynhâld

Alkfûgels

Ut Wikipedy

De alkfûgels (Alcidae) binne in famylje fan fûgels dy't libje op de folle see.

Alkfûgels hawwe wat wei fan pinguins, om't beide famyljes binne fan swart-wite swimmers, dy't op it lân wat knoffelich rinne en rjochtoerein steane. De famyljes hearre lykwols ta ferskate skiften; de oerienkomsten binne mooglik it gefolch fan konverginte evolúsje.

Oars as pinguins kinne alkfûgels al fleane, útsein de útstoarne grutte alk. Se hawwe lykwols mar lytse wjukken, dy't in flugge wjukslach fergje. Se binne goede swimmers en dûkers, en brûke de lytse wjukken dêrby as in alternatyf foar finnen.

Alkfûgels komme allinnich oan lân om te brieden. Utsein de murren neskje alkfûgels yn briedkoloanjes. Skoeten neskje bygelyks op klifrânen, wylst swarte skoeten op rotskusten neskje.

De alkfûgels komme allinnich foar op it noardlik healrûn. Se binne oanpast oan in kâld klimaat en kontinentale see. Yn waarmere gebieten binne fisken te fluch foar dûkende alkfûgels, dat dêr kinne se min oerlibje.