Seepappegaaien
| Seepappegaaien | ||
| Fratercula arctica | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| famylje: | alkfûgels (Alcidae) | |
| skaai: | seepappegaaien (Fratercula) | |
| Brisson, 1760 | ||
De seepappegaaien (Fratercula) binne in fûgelskaai yn 'e famylje fan 'e alkfûgels (Alcidae). It skaai stiet bekend om de opfallende, felkleurige snaffels yn 'e briedtiid en de fûgels binne tige betûfte dûkers en swimmers. De namme Fratercula komt út it Latyn en betsjut "lytse broeder" (muonts), in ferwizing nei it swartwite fearrekleed fan in muontsepij.
De soarten yn it skaai binne middelgrutte seefûgels fan 30 oant 40 sintimeter mei in kompakt bealchje, koarte wjukken en in foarse, trijehoekige snaffel. Yn 'e briedtiid is de snaffel fel kleure mei oranje, read en giel en winterdeis wurdt er lytser en tsjusterder. De fûgels binne swart fan boppe en wyt fan ûnder mei wite wangen.
Mei de wjukken "fleane" se ûnder wetter om te foerazjearjen op lytse fisken en kreefteftigen. It grutste part fan it jier libje se op iepen see en se komme allinnich oan lân om te brieden.
Yn 'e briedtiid binne se yn 'e regel monogaam. Se briede yn koloanjes op kliffen en eilannen en grave nêsten yn 'e grûn of se brûke rotsspjalten dêrfoar. In lechsel bestiet yn 'e regel út ien aai.
De soarten yn it skaai komme foar op it noardlik healrûn yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan, de noardlike Stille Oseaan en de subarktyske en kâlde seegebieten.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai telt trije soarten:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status Trend |
|---|---|---|---|---|
| seepappegaai | Fratercula arctica | Noarden fan Europa en noardlik Noard-Amearika | kwetsber | |
| hoarnde seepappegaai | Fratercula corniculata | Pasifyske Oseaan fan Sibearje oan Súdwest-Kanada | net bedrige | |
| túfseepappegaai | Fratercula cirrhata | Pasifyske Oseaan fan it suden fan Sibearje oant Alaska. | net bedrige stabyl[3] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
