Hoarnde seepappegaai
| hoarnde seepappegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Fratercula corniculata | ||||||||||||
| J.F. Naumann, 1821 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De hoarnde seepappegaai (Fratercula corniculata) is in fûgel út de famylje fan de alkfûgels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoarnde seepappegaai libbet yn it noardlik part fan de Stille Oseaan, op rotseftige eilannen foar de kust fan East-Sibearje, Alaska en Britsk-Kolumbia.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoarnde seepappegaai hat in protte fan de seepappegaai dy't yn de Atlantyske Oseaan foarkomt. De hoarnde seepappegaai hat yn de briedtiid in giele snaffel mei in reade punt.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels dûke yn de see nei fisk. Lykas seepappegaaien kinne se yn harren snaffel in grut tal fiskjes meinimme nei har nêst. Fierder ite se ek inketfisken en kreeften.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels briede yn koloanjes tegearre mei oare soarten Alkfûgels. Harren nêsten lizzen yn nissen yn de rotsen of tusken de stiennen. Elts jier wurdt mar ien jong grutbrocht.
