Teapert
teapert | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Crex crex | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel en briedgebiet wintergast |
De teapert, ek: kreaker, kreakhintsje of miedkreaker (wittenskiplike namme: Crex crex, foarh. ek wol Crex pratensis), is in fûgel út it skift fan 'e kraanfûgeleftigen (Gruiformes), de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae) en it skaai fan 'e teaperts (Crex), dy't yn Jeropa en Sintraal-Aazje briedt en yn East- en Súdlik Afrika oerwinteret. Eartiids kaam dit bist ek rûnom yn Fryslân en de rest fan Nederlân foar, mar troch de meganisaasje fan 'e lânbou is er omtrint de midden fan 'e tweintichste iuw yn Nederlân seldsum wurden, wylst er yn Fryslân suver hielendal weiwurden is. De Latynske namme crex is in onomatopee op basis fan it Grykske κρεξ, krex, dat ferwiist nei de kreakjende rop fan 'e teapert. Yn it Nederlânsk stiet de teapert bekend as de kwartelkoning, wat ta it misbegryp laat hat dat dizze fûgel besibbe wêze soe oan 'e kwartel (Coturnix coturnix). Dat is lykwols net sa, mei't de kwartel ta in totaal ferskillende famylje heart (ntl. de fazanteftigen, Phasianidae).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teapert is in simmerfûgel yn grutte dielen fan Jeropa en Sintraal-Aazje, dêr't er briedt en him fuortplantet. Datoangeande mijt er lykwols Ingelân, Wales, de súdwestpunt fan Ierlân, Bretanje it grutste part fan it Ibearysk Skiereilân, Itaalje, Albaanje, Grikelân, Iislân, Jutlân, it noarden en it binnenlân fan Skandinaavje en it noarden fan Ruslân. Bûten Jeropa komt er wol wer foar yn Anatoalje, de Kaukasus, noardlik Iraan, súdwestlik Sibearje oant en mei de krite fan 'e Baikalmar, noardlik en eastlik Kazachstan, noardwestlik Mongoalje en in diel fan 'e Sineeske regio Sinkiang-Oeigoerje.
As wintergast ferbliuwt de teapert yn dielen fan East-Afrika en Súdlik Afrika, te witten: de súdlike helte fan Tanzania, hiel Mozambyk, Malawy, Simbabwe, Lesoto en Swazylân, it súdeasten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, it noarden en easten fan Botswana, it uterste noardeasten fan Namybje en de eastlike helte fan Súd-Afrika. Foar de fûgeltrek, hjerstmis nei it suden en by 't maityd nei it noarden ta, besteane twa haadrûtes: in westlikenien oer Marokko, Algerije en it Ibearysk Skiereilân, en in eastlikenien, dy't mear brûkt wurdt, oer Egypte en it Midden-Easten hinne. Fierders binne teaperts as dwaalgasten waarnommen yn Noard-Amearika, Sry Lanka, Fjetnam en Austraalje, op 'e Seysjellen, Bermuda, Grienlân, Iislân, de Fêreu-eilannen, de Azoaren, Madeara en de Kanaryske Eilannen.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant it begjin fan 'e tweintichste iuw wie de teapert in frij algemiene briedfûgel yn Fryslân en de rest fan Nederlân. Tsjûge dêrfan is it gedicht Geale' Sliepke, fan Eeltsje Hiddes Halbertsma, út 1829. Dêryn jout de dichter in idyllysk byld fan it Fryske plattelân en neamt dêrby de teapert as in folslein normaal ûnderdiel dêrfan. Troch de meganisaasje fan 'e lânbou ferdwûn de fûgel lykwols fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf út it lân, oant der tsjin 1970 noch mar in pear kriten yn Nederlân wiene dêr't er foarkaam: yn 'e uterwaarden fan 'e Ryn, de Waal en de Isel en yn eastlik Grinslân. Hoewol't der yn 'e 1990-er jierren in lytse taname wie, begûn it tal teaperts yn Nederlân nei 2000 wer te sakjen. Yn 2004 waard de fûgel as 'kwetsber' op 'e Nederlânske reade list set.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teapert is in middelgrutte ralfûgel, mei in lichemslingte fan 27-30 sm en in wjukspanne fan 42-53 sm. Mantsjes weagje trochinoar 165 g en wyfkes binne yn trochsneed justjes lichter mei 145 g. Folwoeksen mantsjes hawwe in brún-swarte krún en in boppelichem fan deselde kleur, mei dêrtrochhinne streken fan griis of bêzje. De wjukken binne in opfallende kastanjebrune kleur mei in pear witige streken. De foarside fan 'e kop, de hals en it boarst binne blau-griis, de bealch wyt, de poaten fealgriis en de ûnderkant fan 'e sturt hat kastanjebrune en wite streken. De sterke snaffel is fleiskleurich en dêrwei rint in bleek brunige streek oer it wang nei de fierste eachhoeke.
Wyfkes sjogge der min ofte mear itselde út, mar it boppeliif hat in wat waarmere kleurnuânse en de wangstreek is smeller en minder brún. By healwoeksen eksimplaren skynt it boppelichem wat út 'en gielens, en de piken hawwe swart dûns, krektlyk as alle ralfûgelpiken. Folwoeksen teaperts ferfearje nei de peartiid, yn augustus, ear't se ôfsette nei Afrika, en foar't se Afrika wer ferlitte is der nochris in ferfearring, mar dêrmei binne inkeld de fearren fan 'e kop, it boppeliif en de sturt muoid. De teapert liket kwa kleur sterk op 'e nau besibbe Afrikaanske teapert (Crex egregia), dêr't er syn oerwinteringsgebiet mei dielt, mar kin dêrfan ûnderskaat wurde trochdat er in slach grutter is.
Lûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e peartiid en de briedtiid is geregeldwei de karakteristike, kreakjende rop fan 'e mantsjeteaperts te hearren, in lûd en trochkringend krek-krek. Dy rop kin op in ôfstân fan oardel km heard wurde, en is bedoeld om oare manlike teaperts út it eigen territoarium te ferdriuwen en om wyfkes oan te lûken. Undersyk hat útwiisd dat de rop soms wol 20.000 kear yn ien nacht troch ien en deselde teapert werhelle wurdt, mei in dúdlike pyk tusken midsnacht en 3.00 oere moarns. Wyfketeaperts uterje soms in rop dy't sterk op dy fan 'e mantsjes liket en in oaren dy't fan tsjiip giet, mar hâlde har oer it algemien stil, behalven as se piken hawwe, dy't se mei in û-û-û-lûd roppe. Yn it oerwinteringsgebiet yn Afrika swije de teaperts.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teapert is foar it meastepart in fûgel fan it leechlân, mar briedt ek yn berchtmen oant in hichte fan 3.000 m (hoewol yn 'e Alpen net heger as 1.400 m). It meast gaadlike biotoop wurdt lykwols foarme troch greidlân en steppen. Minder as de measte ralfûgels is de teapert oan oerflaktewetter bûn, hoewol't er riviersiggen net oerslacht. In fereaske is wol dat de begroeiïng 50 sm heech of heger is. Dat is ek ien fan 'e redens dat de teapert tsjintwurdich yn Fryslân net of frijwol net mear foarkomt, mei't de boeren it gers tsjintwurdich nea mear sa lang groeie litte.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teapert hat in goede skutkleur, en is yn it wyld dreech te sjen. Ornaris hâldt er him beskûl yn lange fegetaasje, mar soms weaget er him eefkes op 'e iepen romte. Der binne inkele gefallen bekend fan teaperts dy't tige nuet wiene; sa kuiere in teapert op it Skotske eilân Tiree fiif jier efterinoar samar de koken fan in hûs binnen, wylst in oarenien op it Skotske eilân Barra yn 1999 by in pleats kaam om mei te fretten as de hinnen fuorre waarden. Yn Afrika hâlde en drage teaperts har oer it algemien folle skouwer as yn Jeropa.
Teaperts binne oerdeis it aktyfst op 'e iere moarn en de lette jûn, en nei swiere rein en ûnder lichte rein. Se binne gjin krêftige fleaners, hoewol't se troch harren gruttere gewicht op 'e wjuk better út 'e fuotten kinne as de Afrikaanske teapert. De teapert rint op heechstappende wize, en kin tige fluch troch it lange gers drave, wêrby't er syn lichem horizontaal hâldt, mei de snaffel rjocht foarút stykjend. As er fersteurd wurdt, is te foet útnaaien syn earste reäksje. Helpt dat net, dan fljocht er fuort, mar oer it algemien net fierder as 50 m, wêrby't er dan sa mooglik lânet oare kant wat strewelleguod of in pear beammen. Teaperts kinne ek swimme, mar dogge dat inkeld as it in saak fan libben en dea is. As se pakt wurde, hâlde se har faak foar dea oant se in kâns sjogge om dochs noch út te piken.
Yn 'e oerwinteringsgebieten yn Afrika libje teaperts in solitêr bestean, wêrby't elts eksimplaar in (oerlaapjend) territoarium hat fan 4,2 oant 4,9 ha. Foar de trek foarmje se swaarmen fan oant 40 fûgels, dy't har soms oanslute by gruttere swaarmen kwartels, in ferskynsel dêr't de Nederlânske namme kwartelkoning op weromgiet (krekt as it Dútske Wachtelkönig en it Frânske roi de caille). De migraasje fynt nachts plak, wylst se oerdeis útrêste. It fermogen ta migraasje is oanberne, en dat leare de jongen dus net fan 'e âlden. Sterker noch, út ûndersyk hat bliken dien dat teapertpiken dy't tsien generaasjes lang yn Jeropa yn finzenskip holden wiene, gjin inkele muoite hiene om it paad nei de oerwinteringsgebieten yn Afrika te finen.
Lange tiid waard oannommen dat teaperts monogame fûgels binne, mar yn 1995 waard ûntdutsen dat mantsjes soms mei twa of noch mear wyfkes pearje. De grutte fan territoaria fan 'e mantsjes yn 'e briedgebieten rint útinoar fan 3 oant 51 ha, mar bedraacht yn trochsneed 15,7 ha. Wyfkes hawwe in folle lytser territoarium, fan trochinoar 5,5 ha. Mantsjes ferdigenje har territoarium tsjin (manlike) ynkringers, earst troch te roppen, en, as dat net helpt, troch harren sa grut mooglik te meitsjen, mei kop en skouders omheech en de wjukken hingjend oant op 'e grûn. As de tsjinstanner dan net belies jout, mar ynstee deselde hâlding oannimt, kin der in wier gefjocht ûntstean, wêrby't de fûgels opspringe en nei inoar pikke en soms ek skoppe. Wyfkes hawwe oan dit alles part noch diel.
Om in wyfke te winnen docht in mantsje in koarte balts, wêrby't der de hals útrekt en de kop hingje lit, wylst er de sturt opset en de wjukken spriedt. As dêr geunstich op reägearre wurdt, sil er besykje en kom it wyfke fan efteren benei, sadat er op har rêch springe en mei har pearje kin. It nêst, mei in diameter fan 12-15 sm en in djipte fan 3-4 sm, wurdt yn 'e regel op 'e grûn mank it lange gers makke, mar soms ûnder in hage of tusken de woartels fan in solitêre beam. Dêryn leit it wyfke 6-14, mar ornaris 8-12 aaien, yn 'e regel mei tuskenskoften fan in dei. It brieden wurdt troch it wyfke allinnich dien. It ynstinkt om stil sitten te bliuwen en sa min mooglik te bewegen as der gefaar driget, om dan op it alderlêste momint út te naaien, liedt yn 'e moderne lânbou ta in protte stjergefallen. De aaien komme nei 19-20 dagen út, en teapertpiken binne nêstflechters, dy't al mei twa dagen it nêst ferlitte en mei 34-38 dagen selsstannich libje. De âlden begjinne likernôch 42 dagen nei it earste in nij briedsel, wêrfan't de aaien al nei 16-18 dagen útkomme. De healwoeksen jongen bliuwe faak by de mem oant se ôfsette nei Afrika.
As se net fersteurd wurde troch ûngetiidzjen, oerlibbet 80-90% fan 'e teaperts fan pyk oant healwoeksen eksimplaar. Hoewol't in folwoeksen teapert minder as 30% kâns hat om in jier te oerlibjen, hat ûndersyk útwiisd dat guon teaperts yn it wyld 5 oant 7 jier âld wurde kinne. Rôfdieren dy't teaperts frette, binne û.m. de hûskat, de Amerikaanske nerts (as eksoat yn Jeropa), de murd, de foks en ferskate soarten fûgels, lykas de mûzefalk en de skierroek. Teapertpiken kinne ek it slachtoffer wurde fan 'e earrebarre, wylst yn Litouwen de út East-Aazje yntrodusearre waskbearhûn jacht bliek te meitsjen op folwoeksen eksimplaren.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teaperts binne omnivoaren, mar har menu bestiet fierhinne út lyts wrimelt lykas wjirms, slakken, spinnen, toarren, libellen, sprinkhoannen en oare ynsekten. Fierders frette se ek wol lytse kikkerts en sûchdieren, en plantaardich materiaal, lykas gerssied en nôt. Yn 'e oerwinteringsgebieten yn Afrika fret de teapert foar it meastepart itselde, oanfolle mei dingen dy't dêre beskikber binne, lykas termiten, kakkerlakken en dongtoarren. Piken krije oer it algemien dierlik fretten foarset. Krekt as oare ralfûgels slokke teaperts lytse stientsjes troch, dy't yn 'e mage helpe om it fretten te fermeallen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teapert stiet yn Nederlân as 'kwetsber' op 'e reade list fan bedrige fûgelsoarten, mar ynternasjonaal hat er de IUCN-status fan "net bedrige". It ferspriedingsgebiet waard nammentlik yn 2010 rûsd op 12,4 miljoen km², en dêr komt er noch rûnom foar, mei in populaasje dy't ridlik stabyl liket te wêzen. De simmerpopulaasje is benammen konsintrearre yn Ruslân en Kazachstan en hat dêr noch alle romte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Fûgelsoarte
- Teapert
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tanzania